Boëtius Epo (Reduzum, 1529 - 16 novimber 1599) wie in jurist en gelearde út de Lege Lannen fan Frysk komôf.

Boëtius Epo
Kopergravuere troch Nicolas de Larmessin
Kopergravuere troch Nicolas de Larmessin
persoanlike bysûnderheden
berne 1529
berteplak Reduzum
stoarn 16 novimber 1599
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
berop/amt rjochtsgelearde
aktyf as learaar
bekendste
  wurk(en)
sjoch tekst

Hy studearre yn Keulen en Leuven, en gie sa fluch foarút yn it learen fan de talen fan de wittenskip, dat er mei tweintich jier al iepenbiere lêzingen joech oer Homerus.
Dêrnei dosearre er, net allinne te Leuven mar ek yn Parys, rjochtspraak, letteren en teology, en gie dêrnei nei Genève om te ûndersykjen oft de godstsjinstige begjinsels fan Johannes Calvijn de rop dy't hja krigen hiene, weardich wiene.

In net tefreden Boëtius Epo gie lykwols werom nei de Roomsk-Katolike Tsjerke dêr't er yn grutbrocht wie en beheinde him ta it boargerlik rjocht en it tsjerklik rjocht en promovearre yn 1561 yn Toulouse ta doktor.

Dêrnei gied er werom nei Leuven, dêr't er dosearre oant er keazen waard ta ien fan'e professoaren fan 'e nije universiteit fan Douai, in amt dat er sânentweintich jier lang besette. Hy ferstoar op 16 novimber 1599.

Hy skreau in soad wurken oer rjocht en tsjerklike skiednis.

In kar:

  • Epo, Boëtius (1564). Antiqvi scriptoris ecclesiastici Ivliani Archiepiscopi olim Toletani Prognōstikōn, sive De futuro seculo libri tres. Duaci : Typis Lodouici de Winde.
  • Epo, Boëtius (1578). Boetii Eponis Antiqvitatvm ecclesiasticarvm syntagmata IV : ad sacrosanctos patres patriæ Belgicos, regem nempe Catholicum ac ordines vel status vni uersos Belgij. Duaci : Ex officina Joannis Bogardi.
  • Epo, Boëtius (1581). Commentarii novem testamentarii. Duacum : Bogard.
  • Epo, Boëtius (1588). Heroicarvm Et Ecclesiasticarvm Qvæstionvm Libri VI. Duaci Bogardus.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: