Strjitten yn Reduzum

Wikimedia-list

De Strjitten yn Reduzum:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

A bewurkje seksje

  • Alle Jans Smedingstrjitte - rint fan de Haven nei it westen ta. Neamd nei Redúster smid en skriuwer Alle Jans Smeding (1820 - 1902) .
  • Ayttawei - fan Idaerd nei Reduzum tanket har namme oan Ayttastate, de pleats by de tsjerke. Sa'n 500 jier lyn wenne dêr it slacht Fan Aytta. Wigle fan Aytta wie in ferneamd riedsman fan Karel V en Filips II. Viglius Swichemus, sa't er him sels neamde, ferstoar yn 1577. Yn de earste helte fan dizze iuw waard de wei Stationswei neamd nei it stasjon dat Reduzum en Idaerd doe noch hiene.

B bewurkje seksje

  • Buorren - Strjitte dêr't de middenstân wennet. It part fan de Haadstrjitte dat kafee Bleeker oan stiet, hjitte foarhinne ek buorren. De strjitte dy't wy hjoed de dei de buorren neame, hjitte doe "de âld buorren".

D bewurkje seksje

  • De Terp - Doe't er begûn wurde soe mei hûzebou yn de nijbouwyk it Swinlân is der by de grûnûndersiken in terp fûn.
  • De Trije Romers - Dit buorskip is neamd nei it ferneamde kafee 'Trije Romers' dat op it plak fan de bushalte stien hat. Yn dit kafee mei syn grutte dûnsseal binne yn de foarige iuw it Fries Rundveestamboek en it Fries Paardenstamboek oprjochte. Yn 1959 waard it kafee "De Trije Romers" ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it ferbreedzjen fan de strjitwei. De skuorre mei stâl binne bewarre bleaun.
  • Ds. Boersstrjitte - rint sûnt de tachtiger jierren fan de Haadstrjitte mei in bocht om de bank hinne nei it westen. Benjamin Boers wie fan 1900 - 1937 predikant te Reduzum. Hy wie in opfallende persoanlikheid, dy't him yn letter jierren by de kommunisten oansluten hat. Dat wie in protte minsken min nei't sin, dat hy is frij wat kearen skorst as dûmny. Dochs foel hy fral op troch syn grutte religieuze belutsenheid en minskeleafde. Hy hat him foar in protte minsken ynsetten.
  • Douwe S. Bangmastrjitte - de grutte "nijbou"-strjitte dy't mei in bôge fan de Haadstrjitte nei de Legedyk rint. De strjitte is neamd nei Douwe Sikke Bangma, dy't help-karmaster fan Idaerderadiel wie. Bangma wie yn de Twadde Wrâldoarloch aktyf yn it ferset tsjin de Dútsers. Op 2 maart 1945 waard hy (mei party oaren) troch de Dútske plysje arresteard en fuortfierd nei it kamp Neuengamme yn Dútslân. Hy waard ta de dea feroardiele, mar it fonnis waard hieltyd útsteld. Troch bemiddeling fan it Reade Krús waard hy evakueard nei Sweden. It transport waard besketten troch de Ingelsen en allinne it skip mei Bangma kaam yn de Sweedske haven Trelleborg oan. Dêr is Douwe Sikke op 2 maaie 1945 ferstoarn oan de trochstiene eangsten en it lijen dat hy meimakke hie.

H bewurkje seksje

  • Haadstrjitte - rint dwarstroch it doarp, de Nederlânske namme Hoofdstraat hat dizze wei noait hân. Eartiids waard it begjin fan de strjitte fanôf de tsjerke de buorren neamd. It part nei de strjitwei hjitte Púndyk, nei it pún dêr't dit stik sûnt de oanlis om 1860 hinne, mei bedutsen wie.
  • Haven - De oarspronklike haven rûn eartiids oan de Haadstrjitte ta. Omdat de haven as sadanich hast net mear brûkt waard en in boarne fan smoargens wie, waard er yn in oantal etappes demt. De plannen om de haven wer iepen te meitsjen en sa it doarp har eigen gesicht werom te jaan, ha it net oprêden.

I bewurkje seksje

  • Ienswei - De ruilferkavelingsdyk flak by it spoar it lân yn nei Ienstra (de pleats fan De Groot).
  • It Houtstek - ûntstien troch "ynwreiding" op it plak dêr't eartiids it houtstek fan oannimmer Stelwagen en Van Gorkum stie.
  • It Pypke - wei yn Reduzum Súd, de ferbining tusken A.J. Smedingsstrjitte en de Terp.

J bewurkje seksje

  • Joksewei - Dwars op de Stânfriesstrjitte leit de Joksewei, sa neamd nei it rivierke de Jokse, dat eartiids de noardgrins fan Reduzum foarme. De Jokse rûn fan de Wergeaster Mar by Eagum troch de lannen om by it Langstek yn de âld Middelsee út te kommen

L bewurkje seksje

  • Legedyk - Dizze wei lei leech yn tsjinstelling ta de Hegedyk (sa't de tsjintwurdige strjitwei eartiids neamd waard), dy't folle heger lei. De Legedyk rint fan de tsjerke by it nije tsjerkhôf del om as fytspaadsje út te kommen op de strjitwei fan Akkrum nei Ljouwert.

M bewurkje seksje

  • Master Gorterstrjitte - hjiroan stiet de 'Trije Doarpen Skoalle'. Jan Gorter wie it haad fan de legere skoalle te Reduzum fan 1911 - 1949. Neist syn wurk yn skoalle wie hy tige warber yn it ferieningslibben. Hy wie in treflik lieder fan it sjongkoar dat ek bûten it doarp súkses hie. Fierder wie hy mei oprjochter fan de gymnastykklub 'Stânfries', oargelspiler yn de tsjerke en skriuwer fan revu's foar de ferskate ferienings. Dêrby wie hy ek foar in protte minsken riedsman. Hy is yn 1952 ferstoarn.

N bewurkje seksje

  • Nijlânsdyk -

O bewurkje seksje

  • Oan It Swin - nijbouwyk it Swinlân, leit neist it wetter it Swin
  • Op 'e Iisbaan - wei yn Reduzum-súd, op it plak fan de âlde iisbaan.
  • Oeriselsestrjitwei - Foar de oanlis fan de autowei It Hearrenfean - Ljouwert, wie de Oeriselske strjitwei de ferbiningswei fan Ljouwert nei Oerisel. Earder waard de wei dy't by Reduzum oer de Middelseedyk rint, de Hegedyk neamd.

S bewurkje seksje

  • Stânfriesstrjitte - Dit koarte eintsje wei fan de Master Gorterstrjitte nei it sportfjild is neamd nei de gymnastyk- en kuorbalklub Stânfries, ferieningen dy't in wichtige rol yn it doarp spilen en spylje. Letter ha ek de folleybal- en de tennisklub de namme Stânfries oannaam.
  • Suderom - Wei yn Reduzum Súd, mei kavels oan it wetter (de Swin-Swette rûte.)

T bewurkje seksje

  • Tsienzerbuorren - Tusken de Snitserhoeke en Snits leit it buorskip Tsienzerbuorren. De namme fan dit buorskip komt fan de gâns âldere namme Tsiens. De betsjutting fan dizze namme is ferlern gien. Nammen as Friens, Stiens en dus ek Tsiens binne mear as 1000 jier âld.