Keninklik Frysk Hynstestamboek

(Trochferwiisd fan Fries Paardenstamboek)

De Feriening Keninklik Frysk Hynstestamboek, offisjeel: Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek (KFPS), registrearret Fryske hynders en is fêstige yn Drachten. Ein 19e iuw drigen de Fryske pronkhynders te ferdwinen omdat boeren meast foar de swierdere wurkhynders keazen. Op 1 maaie 1879 waard dêrom it stamboek oprjochte yn kafee 'De Drie Romers' yn Reduzum.

Yn 2010 stienen wrâldwiid mear as 40.000 hynders ynskreaun en hie it stamboek 13.000 leden. Bûten Nederlân binne de leden organisearre yn eigen lanlike ferienings, dy't nauwe bannen ûnderhâlde mei it KFPS. De Nederlânske leden binne meast oansluten by fokferienings, dy't jierliks in grut oantal aktiviteiten op tou sette, bygelysk de eigen fokdei en ferskate stúdzjejûnen.

It Hynstestamboek registrearret en keurt hynders, mar jout ek antwurd op foktechnyske fragen oer bygelyks it fokdoel. In soad fan dy ynformaasje ferskynt yn it moanneblêd Phryso, dat alle Nederlânske leden krije. It Hynstestamboek wurket nau gear mei organisaasjes op it mêd fan it Fryske hynder dy't yn it bûtenlân oprjochte binne, lykas de Friesian Horse Association North America yn 'e Feriene Steaten en Kanada.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: