Sint-Martinustsjerke (Wurdum)
De Sint-Martinustsjerke is de tsjerke fan de protestanske gemeente yn Wurdum, gemeente Ljouwert.
Martinustsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Wurdum | |
adres | Hôf 14 | |
koördinaten | 53° 9' N 5° 48' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Martinus fan Toers | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 14e iuw | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 18256 [1] | |
Webside | ||
Prot. tsjerke Wurdum | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste Martinustsjerke waard om 1100 hinne fan dowestien boud as in ienskepich gebou mei in toer oan de westlike kant. Fan de earste bou bleane allinnich inkelde romaanske ramen yn it muorrewurk bewarre. Likernôch twahûndert jier letter waard de tsjerke fergrutte mei in noardlike útbou, de Oenema- of Kammingakapel, en in súdlike kapel dêr't letter in twadde toer oan tafoege waard, foar in Fryske doarpstsjerke in unikum. Net bekend is wa't de stifter wie fan dy súdlike kapel mei toer. Mei útsûndering fan de noardlike Oenemakapel waard de tsjerke waard letter ommitsele mei lytsere bakstiennen. Oan de kant fan it koer binne noch dielen fan de 13e iuwske tsjerke, dat wurdt fertsjintwurdige troch in stik yn wyld ferbân mistele muorre mei in fragmint fan in rûnbôgefries. De dêr oanwêzige trije steunbearen binne ek fan kleastermoppen ôfwiksele mei bannen fan dowestien.
Yn 1688 sieten de tsjerkfâlden op swart sied en dêrom ferkochten hja de westlike toer oan de semintfabryk fan Makkum. De ôfbraak fan de toer troch de ferkeap levere de Wurdumers de skelnamme fan Turokefretters op. De tsjintwurdige westlike gevel waard yn 1716 foltôge. De noch restearjende sealtektoer waard oan it begjin fan de 19e iuw boufallich en moast yn 1806 ferfongen wurde troch de hjoeddeiske toer mei in spits.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe hjoeddeiske yndieling fan it ynterieur is it risseltaat fan de restauraasje fan 1983. Sûnt dy tiid binne de beide kapellen wer hielendal (de noardlike) of foar in part (de súdlike) by de tsjerke lutsen. Yn de súdlike kapel hat in krúsifiks fan Jan Murk de Vries in plak krige. By it meitsjen fan in trochgong nei de toer gyng spitigernôch it hûnegat ferlern.
Mar twa lytse rútfoarmige roubuorden fan in hiele rige roubuorden oerlibben de fernielings yn de Frânske tiid. Nei de restauraasje fan de jierren 1980 krige de 19e iuwske preekstoel it tradisjonele plak oan de súdlike muorre fan it skip werom. Foar dy tiid stie de preekstoel yn it eastlike koer. Yn de tsjerke lizze inkelde monumintale sarken.
De twa klokken yn de toer stamme út 1727 en 1338. De âldste klok is de lytste en waard getten troch Stefanus. Fanwegen in skuor koe de lytste klok al hiel lang net mear brûkt wurde, mar yn 1999 waard mei help fan de Wurdummers de klok troch de Fa. Lachemeyer te Nördlingen last. De grutte klok is getten troch de Amsterdamske jitter J.A. de Grave, 1810 kilo swier en hat in diameter fan 138 sintimeter.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard oarspronklik yn de jierren 1688-1690 troch Harmen Jans út Berltsum boud. Yn 1785 krige Lambertus van Dam út Ljouwert de opdracht om it oargel te fernijen. It wie de fjirde opdracht fan de oargelbouwer, dy't op dat stuit ek noch in oargel bouwe moast foar de tsjerke yn Burgum. Van Dam makke foar it oargel nije wynladen, nije manualen en nije mechaniken foar it oargel. Ek it front fan it oargel mei houtsnijwurk fan Jacob Swalue yn Loadewyk XVI-styl waard oanpast. Willem Hardorff brocht yn 1873 noch grutte wizigings oan it ynstrumint oan. De balgen en manualen waarden fernijd en in diel fan it piipwurk waard ferfongen. Bakker & Timmenga fersoarge de lêste restauraasje fan it ynstrumint.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Oargel
-
Rouboerd
-
Rouboerd
-
Hearebanken
-
Kening David
-
Preekstoel
-
Liturgysk sintrum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|