Willem Hardorff
Willem Hardorff (Ljouwert, 8 maart 1815 – Ljouwert, 24 septimber 1899) wie in oargelbouwer.
Wurkpaad
bewurkje seksjeWillem Hardorff wie de soan fan boekbiner Hans Hardorff en de pakesizzer fan Matthijs Hanssen Hardorff (1747-1802), dy't grutfeint wie fan de bekende oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz. Willem Hardorff krige ûnderrjocht fan Van Dam. Yn 1843 nimt er de oargelmakkerij fan Wilhelmus van Gruisen (1788-1843) oer. Hy makke en ûnderhâlde oargels foar tsjerken yn fral Fryslân. Willem Hardorff hie ek learlingen, ûnder oaren de oargelbouwers Fokke Bakker en Arjen Timmenga fan Bakker & Timmenga. Yn 1880 ferkocht er it bedriuw oan Johan Frederik Kruse.
Oargels fan Hardorff (karút)
bewurkje seksjePlak | Tsjerke | Jier |
---|---|---|
Baaium | Herfoarme tsjerke | 1860 |
Britsum | Herfoarme tsjerke | 1862 |
Deinum | Herfoarme tsjerke | 1865 |
Iens | Herfoarme tsjerke | 1860 |
Ealahuzen | Herfoarme tsjerke | 1865 |
Frjentsjer | Grifformearde tsjerke | 1854 |
Gauw | Herfoarme tsjerke | 1862 |
Hantum | Sint-Martinustsjerke | 1876 |
Ysbrechtum | Herfoarme tsjerke | 1867 |
Itens | Herfoarme tsjerke | 1876 |
Kimswert | Herfoarme tsjerke | 1858 |
Kûbaard | Herfoarme tsjerke | 1856 |
Menaam | Herfoarme tsjerke | 1861 |
Easterein | Martinytsjerke | 1870 |
Easterlittens | Herfoarme tsjerke | 1867 |
Aldskoat | Skoattertsjerke | 1871 |
Wânswert | Petrustsjerke | 1877 |
Winsum | Herfoarme tsjerke | 1875 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hardorff organs fan Wikimedia Commons. |