Petrustsjerke (Wânswert)
De Petrustsjerke yn Wânswert is de tsjerke fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De Protestanske gemeente Burdaard- Wânswert-Jislum makket noch regelmjittich gebrûk fan de tsjerke.
Petrustsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Wânswert | |
koördinaten | 53° 18' N 5° 50' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Petrus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 16e iuw, mei âldere dielen yn it koer | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15645 | |
Webside | ||
Side Protestanske gemeente Burdaard-Wânswert-Jislum | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard boud op in terp dy't út de izertiid stamt en as argeologysk monumint beskermd wurdt. Oan de súdlike kant is de terp foar in grutste part ôfgroeven en moat in muorre de tsjerke beskermje tsjin fersakjen. De âldste dielen fan de tsjerke binne yn it ynwindige koer, dêr't noch dowestien fûn is. Neffens in rekken fan it aartsbisdom Utert is it koer yn 1335 troch in wijbiskop ynwijd. It útwindige fan it koer waard nei in skinking yn 1778 ommitsele.
De massive toer en it skip, dat mar in bytsje breder is as de toer, datearje út de 16e iuw.
Yn 2019 wie de Petrustsjerke de 52e tsjerke dy't oerdroegen waard oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.[1]
Ynterieur
bewurkje seksjeIt ynterieur foldocht oan de tradisjonele yndieling fan in Fryske herfoarme tsjerke. Oan de súdlike muorre stiet de preekstoel mei it doophek, dy't út de 19e iuw stamme; faaks is it rêchstik âlder en 18e iuwsk. Foar de preekstoel leit in grutte grêfsark út 1562 foar Sipt fan Goslingha en Paerk Zyaerda, de bewenners fan it eardere, súdeastlik fan de tsjerke lizzende, Goslinga State. Oare sarken binne fan 1737 en 1733. De wapens op de sarken binne der yn de Frânske tiid ôfhakke. Oan de lofter kant fan it middenpaad steane de iepen banken foar de froulju opsteld en rjochts de sletten banken foar de manlju. Yn it koer steane noch in tal ienfâldige banken mei paneelwurk.
Oargel
bewurkje seksjeAl sûnt de 16e iuw hie de tsjerke fan Wânswert in oargel. Dat waard yn 1674 ferfongen troch in ynstrumint fan Harmen Jans. Dat trijemanualige oargel mei 19 registers waard ferfongen doe't Willem Hardorff út Ljouwert in nij oargel foar de herfoarme tsjerke boude mei twa manualen en oanhongen pedaal.
It oargel waard yn de perioade 2014-2015 troch de firma A. Nijsse & Zn. restaurearre en útwreide mei in frij pedaal. Op saterdei 23 augustus 2015 waard it oargel wer yn gebrûk nommen troch Peter Eilander.[2]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|