Baaium is in terpdoarp yn 'e gemeente De Waadhoeke. Yn 'e himrik fan Baaium leit oan de Kleasterwei yn 'e rjochting fan Winsum de buorskip Houten Baaium.

Baaium
Baaium fan 'e Hatsumer kant ôf
Baaium fan 'e Hatsumer kant ôf
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân Fryslân
Gemeente De Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 110 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 2,15 km², wêrfan:
- lân: 2,13 km²
- wetter: 0,01 km²
Befolkingsticht. 231 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 09' N 5° 37' E
Offisjele webside
FB-side Baaium
Kaart
Baaium (Waadhoeke)
Baaium

Baaium hat 110 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

 
Midsiuwske tsjerke fan Baaium

Om it ein fan de 12e iuw hinne waard troch de muonts Jelmer fan Mariëngaarde op it plak in tsjerke stifte. Hy krige dêrby help fan de abt fan Lidlum en fan in ryk frommis mei de namme Simk. [3][4] Dat barde yn it ramt fan de ferhûzing fan de nonnen fan it kleaster Lidlum of Mariëndelle yn 1186. Kleaster Lidlum wie as dûbelkleaster fan Mariëngaarde oergien nei de Premonstratinzerske oarder en dy stie gjin dûbelkleasters ta. Dêrom moasten de nonnen dêrwei en by Baaium waard in gaadlik plak fûn foar de nije kleasterstifting. Fanwegen de lokaasje op in terp waard it kleaster ek wol Sint-Michaelsberch (Sint-Michylsberch) neamd, mar it meast bekend waard it kleaster ûnder de namme Muontsebaaium.[5] Mei de reformaasje yn 1580 kaam der lykas foar oare kleasters ek in ein oan it kleaster fan Baaium.

De reformaasje gie yn Baaium stadich en yn alle gefallen bleau in diel fan de ynwenners katolyk, want yn oktober 1703 krige de grytman fan Hinnaarderadiel in brief fan Deputearre Steaten om de roomske preester te ferbieden in misse op te dragen yn 'e kapel fan Baaium. Yn 1840 wiene noch altiten jimmeroan 20 fan de goed 100 ynwenners roomsk, de oare bewenners wiene foar it measte herfoarme.

 
Baaium omtrint 1950

Yn april 2000 waarden yn in stikje greide súd fan de Alde Baaiumerdyk resten fan in 12e iuwske stins fan dowestien fûn. Oer de skiednis fan de stins is neat bekend.[6], útsein dat dy mei de Eeckemastins ferweve is, dy't himelsbreed likernôch 100 m noardeastlik fan dy stins stie. De Eeckemastins stie oant 1685 by Baaium en waard tusken 1602 en 1610 bewenne troch grytman Ulbo van Aylva fan de gritenij Baarderadiel.[7]

Yn 1832 moast men noch om it doarp hinne ride oer de Alde Baaiumer dyk. De Baaiumer Opfeart slút op de Frjentsjerter Feart oan.

De midsiuwske tsjerke waard yn 'e twadde helte fan de 19e iuw yn fazes ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou. It doopfont fan de tsjerke bestiet út stikken Bentheimer sânstien út de 14e iuw, dy't yn 1668 opgroeven binne. Mooglik tsjinnen de stikken stien as alter of om it koer fan 'e tsjerke te skieden en waarden se foar de byldestoarm yn 'e grûn ferstoppe. Der is in grut doopfont fan makke, dy't sa grut is, dat de útdrukking 'Sa grut as it Baaiumer doopfont' ûntstie.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Baaium diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Yn 1984 gie it oer nei de doe nije gemeente Littenseradiel. Nei noch in gemeentlike weryndieling kaam it yn 2018 by de gemeente De Waadhoeke.

Baaiumers wurde tradisjoneel foar eartpotten útskolden. It doarpshûs hjit dan ek 'De Eartpot' en it doarpskrantsje 'Ut 'e Eartpot'. Baaium hat in feriening fan doarpsbelang.

 
Tsjerke fan Baaium

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1840 2013 2015 2020
Ynwenners 108 101 117 120

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2015 en 2020: Alle Cijfers)

  • Doarpsfeest Baas Haye (augustus)
 
Wynmotor Baaium

Alde Baaiumerdyk, Alde Dyk, Buorren, Foarstreek, Hasthemerwei, Kleasterwei, Werpsterwei.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: