Houten Baaium is in lytse buorskip (net offisjeel as sadanich erkend) tusken Baaium en Winsum yn wat foarhinne de gemeente Littenseradiel wie. Sûnt 2018 makket it gebiet diel út fan De Waadhoeke. De buorskip leit yn 'e himrik fan Baaium, en bestiet út ien hûs en twa stjelpen. Foarhinne wie der mear bebouwing.

Houten Baaium leit oan 'e Kleasterwei, de wei fan Baaium nei Winsum, krekt oan 'e Baaiumer kant fan it krúspunt mei de N384 fan Dearsum nei Frjentsjer. It stik fan 'e N384 dat by Houten Baaium lâns giet, waard as lêste trasee fan dy provinsjale wei yn 'e midden fan 'e santiger jierren oanlein en yn 1977 yn gebrûk nommen.

De namme fan Houten Baaium komt wierskynlik fan it feit dat der fan âlds houten huzen stiene. De tafoeging 'Houten' wie nedich om it te ûnderskieden fan Mûntsjebaaium en it hjoeddeiske doarp, dat alear wol 'Wrâldske Baaium' neamd waard. It byhearrende foarsetsel fan Houten Baaium is 'op': men wennet 'op Houten Baaium'.