Lambertus fan Dam

(Trochferwiisd fan Van Dam (oargelbouwer))

Lambertus fan Dam (Grins, 1744 - 1820) wie in oargelbouwer út Ljouwert. Hy is de grûnlizzer fan de Ljouwerter firma L. van Dam & Zn., dêr't fjouwer generaasjes wurke hawwe en dy't sa'n 250 oargels boud hat. Dy Van Dam orgels binne fral yn de noardlike provinsjes fan Nederlân te finen. Yn 1926 luts de famylje har werom út de oargebou en ferkocht it bedriuw.

Om 1860 hinne waard troch de firma Van Dam it Friese zevendelige orgelfront yntrodusearre.

Van Dam bewurkje seksje

Lambertus (ek: Lammert) stammet út in Appingedamske famylje. Syn heit wie winkelman. Yn 1757 waard er feint by in kistemakker. Yn 1764 wie hy yn Leien, dêr't er wierskynlik yn de lear wie by Hendrik Hermanus Hess. Dêrnei wie er learling fan oargelmakker Albertus Antoni Hinsz. Yn 1776 fêstige hy him as oargelbouwer yn Grins, mar omdat dêr al genôch oargelbouwers sieten, ferhuze hy yn 1779 nei Ljouwert.

Yn 1814 waard Lambertus opfolge troch syn soannen: Luitjen Jacob van Dam (1783 - 1846) en Jacob van Dam (1787 - 1839).

Yn 1846 naam soan Lambertus van Dam (1823 - 1904) de lieding fan de firma oer. Ek syn bruorren Pieter van Dam (1824 - 1899) en Jacob van Dam (1828 - 1907) sieten yn it bedriuw.

Dêrnei waard de firma oernaam troch Lambertus syn soannen Luitjen Jacob van Dam (1850 - 1931) en Pieter van Dam (1856 - 1927). De earste luts him yn 1909 werom. Yn 1917 wurd de firma feroare yn de NV P. van Dam, neist Pieter sieten ek de hearen B.F. Bergmeijer en J. Vaas yn de direksje. Pieter van Dam luts him yn 1926 werom, Bergmeijer sette in oargelmakkerij yn Woerden op en J. Vaas waard no de lieder fan it bedriuw.

Twa bedriuwen bewurkje seksje

Yn 1929 kaam in nije NV ta stân ûnder de namme NV orgelfabriek v/h P. van Dam. Vaas en Bron foarmen de direksje. It bedriuw waard lykwols yn 1931 ferkocht oan J. van der Bliek ûnder betingst dat dy gjin minsken dien jaan soe. Dat barde lykwols al, mar dy minsken koenen oan de slach by de nij oprjochte firma Vaas en Bron. Dat bedriuw waard yn 1964 oernaam troch de Alkmaarske firma Pels.

Ek Van der Bliek gie fierder. Hy late syn bedriuw oant 1968, dêrnei waard it ferkocht oan S. Haarsma yn Drachten.

Keppeling om utens bewurkje seksje