Sperkhim (wetter)
wetter dat de noardgrêns fan de polder it Sperkhim foarme
It Sperkhim wie in wetter dat de noardgrêns fan de polder it Sperkhim (polder) foarme. It is it lêste stik, de stêd yn, fan de Houkesleat. Dêrmei ferbynt er it Simmerrak en Wâldfeart. Yn de simmer wie it peil heech genôch dat it Simmerrak brûkt wurde koe, mar yn'e winter, at it peil leger wie, moast men fia it Sperkhim nei de Wâldfeart om de stêd yn te kommen. Letter yn de tiid, doe't it Simmerrak it hiele jier brûkt wurde koe, is der en dwerswferbining kaam, tichby dêr't no It Finster is. Dertroch waard de rest fan it wetter, sis mar de rûte fan de hjoedeiske Anna Paulownastrjitte, in dea ein. Op dit stik kamen in protte wenboaten te lizzen, de saneamde "Sulverfloat". Uteinlijk ferdwûn it wetter hielendal.
Dit artikel is in stobbe oer Oerflaktewetter.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |