Rykswei 31

(Trochferwiisd fan A31)

Rykswei 31, ek A31, is in autowei en autogongwei dy't it doarp Surch oer Harns en Ljouwert mei Drachten ferbynt. De dyk begjint by Knooppunt Surch mei de A7 by de Ofslútdyk en krúst by knooppunt Oerterperfallaat wer de A7. Allinnich it âldste diel, tusken Harns en Ljouwert, dat yn 1983 iepene waard, is it in autodyk, de rest is autowei. De A31 is ien fan de pear autogongwegen yn Nederlân dy't net daliks oanslút op in oare autogongwei.

A31
Langte: 66,9 km
Kaart

It stik fan Ljouwert-Himriksein nei Drachten, better bekend as de Wâldwei, oarspronklik yn gebrûk nommen yn 1978, waard nei 2000 omboud ta in fjouwerstrooks autowei mei skieden rydbanen. Underdiel fan de wurksumheden wie de bou fan Akwadukt Langdeel en ferdûbeling fan de Foanejachtbrêge. Op 31 oktober 2007 koe ferkear foar it earst oer it hiele trajekt gebrûk meitsje fan fjouwer rydstroken[1], wêrmei't de ferdûbeling fan de Wâldwei ôfrûn is. It weidiel waard op 21 jannewaris 2008 offisjeel iepene troch minister Eurlings fan Ferkear en Wettersteat.

Heak om Ljouwert

bewurkje seksje

It trajektbeslút oer it gedeelte tusken de ein fan de Waldwei en de A31, ek wol bekend as de Heak om Ljouwert wurdt yn 2007 nomd. De nije wei begjint by Werpsterhoek (de ein fan de Wâldwei) en einiget by de N383 by Marsum. De nije westlike ynfalsrûte fan Ljouwert slút oan op de Heak.
Yn 'e maitiid fan 2010 waard úteinset mei de oanlis fan de Heak om Ljouwert en de keunstwurken anneks.[2] De Heak om Ljouwert is op 18 desimber 2014 om 14:00 iepene.

Ferdûbeling Surch-Harns

bewurkje seksje

It part tusken Knooppunt Surch en Harns, útsein de traverse troch Harns, waard tusken july 2007 en desimber 2008 omboud ta fjouwerstripe-autowei. Nijsgjirrich is dat dy ferbouwing net bedoeld waard om in fileprobleem op te lossen, mar om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen. It stik N31 tusken Surch en Harns gou as ien fan de ûnfeilichste wegen fan Nederlân; tusken 1995 en 2000 foelen der 18 deaden op de wei en tusken 1993 en 2000 teffens 37 ferwûnen; yn fergeliking mei oare autowegen barre der reedlik in soad slimme ûngelokken, fataal of mei letsel.[3] It wurk oan de N31 by Harns sette ein 2015 útein.[4]. It trajekt wie ree yn desimber 2008 en waard troch minister Camiel Eurlings yn febrewaris 2009 offisjeel iepensteld[5].

Trochgong Harns

bewurkje seksje

De N31 rint dwers troch Harns hinne. Oant 2017 wie de N31 in twabaansk autowei op in talúd mei fiadukten oer pleatslike diken, it spoar fan Harns nei Ljouwert en de Keningsbrêge oer it Van Harinxmakanaal, dy't gauris iepen giet foar de skipfeart. En ek troch de op- en ôfritten yn Harns soarge dat foar ferkearsopstoppings en ûnfeilige ferkearstastannen. Ein 2015 waard úteinset mei it ferdjippe oanlizzen fan de N31 troch Harns hinne oer in lingte fan twa kilometer mei fiadukten ûnder de pleatslike diken en it spoar en it bouwen fan it Akwadukt Van Harinxmakanaal ûnder it kanaal troch. Tagelyk waard ek de N31 ferdûbele. Op 7 novimber 2017 waard de earste rydbaan fan it nije trasee troch Harns hinne iepene[6]. Op 19 desimber waard de dyk offisjeel iepene[7].

Drachten-Emmen

bewurkje seksje

Nei Drachten giet de N31 fierder as de N381 rjochting Emmen.

Oant yn de jierren njoggentich rûn de N31 oer de hjoeddeiske N381, de N34 en oer de Rûnwei fan Emmen nei de N862, dêr't de N31 by Klazienaveen op de N37 oanslute.

Anno 2016 binne de plannen foar in (gedieltlike) ferdûbeling en werynrjochting fan de wei Drachten-Appelskea/Hoogersmilde foar in grut part útfierd. Mooglik sil de dyk letter wer omdoopt wurde yn N31.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante - Wâldwei oer fjouwer banen iepen
  2. Provincie Friesland - Planning Haak om Leeuwarden
  3. N31.nl - achtergrond
  4. Verkeerenwaterstaat.nl - De opening van de N31 Zurich-Harlingen, in Kimswerd fia nieuwsbank.nl
  5. Ferkear en wettersteat: iepenstelling N31 tusken Surch en Harns
  6. Verkeer rijdt over de nieuwe N31 door Harlingen N31harlingen.nl
  7. N31 offisjeel iepene Rykswettersteat
Diken yn Fryslân  
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits
  ·   ·