Spoar fan Ljouwert nei Harns
It Spoar fan Ljouwert nei Harns ferbynt de stêd Ljouwert mei Harns. It spoar bestiet sûnt 27 oktober 1863. It spoar wie yn it ferline ûnderdiel fan de steatsline B, dy't rûn fan Harns oant Nijeskâns. It spoar Ljouwert-Harns hat in lingte fan 26 kilometer. De trein stoppet op de stasjons fan Ljouwert - Deinum - Dronryp - Frjentsjer - Harns en Harnzer Haven.
It spoar is net elektrifisearre, it is inkelspoarich en is befeilige mei ATB-NG en TPRB (Ter Plaatse bediend RelaisBlokstelsel). Dy befeiliging wurdt betsjinne troch de masinist. It spoar ferbynt in tal plakken yn Noardwest Fryslân mei Ljouwert. In soad reizgers geane fanút de Harnzer Haven mei de boat nei de Waadeilannen. Op de line is beheind frachtferfier. De ferbining Ljouwert-Harns is in desintrale spoarferbining. Dat wol sizze dat de line ûnder ferantwurdlikheid 'light' falt fan de lokale oerheid (Provinsje Fryslân). Arriva exploitearret it reizgersferfier en brûkt dêrfoar sûnt 2007 it treintmaterieel GTW (Spurt).
Stasjons en gebouwen
bewurkje seksjeStasjon | Iepene | hjoeddeistich gebou | |
---|---|---|---|
Ljouwert | 1863 | 1863, SS, 1e gebou, type SS tredde klasse inkelde kearen yngreven ferboud | |
Deinum | 1863 | 1973, NS, 2e gebou, abri | |
Dronryp | 1863 | Gjin, 2e gebou sloopt yn 1995, by iepening type SS fiifde klasse | |
Frjentsjer | 1863 | 1973, NS, 2e gebou, abri, bij iepening type SS fjirde klasse | |
Harns | 1863 | 1863, SS, 1e gebou, type SS tredde klasse | |
Harns Haven | 1863 | gjin, geboutsje sloopt yn 2009 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |