Klazienaveen (Drintsk: Klazieneveen) is in plak yn de gemeente Emmen, yn de provinsje Drinte.

Klazienaveen
Klazienaveen (Molenijk)
Klazienaveen (Molenijk)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Emmen
Sifers
Ynwennertal 11.980 (2021)[1]
Oerflak 30,41 km²
Befolkingsticht. 394 /km²
Oar
Postkoade 7890-7892
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 43' 30" NB, 6° 59' 3" EL
Kaart
Klazienaveen (Drinte)
Klazienaveen
Lizzing yn Drinte

It kanaaldoarp leit oan de Ferlingde Hegefeanske Feart, lokaal it Van Echtenskanaal hjitten. Ein jierren '70 is it kanaal yn it sintrum foar in part tichtsmiten sadat trochgeand farferkear net mear kin. Yn 2007 is in nij winkelkompleks, lokaal it "'t Schip" neam iepene. De gemeente Emmen is fan doel om mei de tiid it farferkear om Klazienaveen wer mooglik te meitsjen. A37 rint it plak bylâns.

Klazienaveen is oarspronklik in feankoloanje, stifte yn de 19e iuw troch W.A. Scholten, in Grinzer yndustrieel. Hy ferneamde it plak nij syn frou Klaziena Sluis.[2] Op 14 jannewaris 1904 krige Klazienaveen in stoomtramferbining doe't de Dedemsvaartsche Stoomtramweg-Maatschappij de line Erika - Klazienaveen iepen. Yn 1907 waard it spoar trochlutsen oant Emmer-Compascuum en letter dat jier nei Ter Apel. De ferbining mei Ter Apel waard yn 1940 opheft. De oare linen yn 1947.

 
It Noritfabryk yn 2008

Anno 2004 is der in túnbougebiet mei in protte kassen. Yn Klazienaveen-Noard wurdt de bûtenpleats Scholtenszathe ûntjûn dêr't wenningbou, boskoanlis, rekreaasje en natuerbou kombinearre wurde. Klazienaveen hat in fabryk fan Norit, dêr't de Norittabletten en -granulaat (tsjin diarree en bynmiddel by itensfergiftiging). Eartiids wie de grûnstof dêrfoar swarte turf, in produkt fan de ferfeanting yn de omkriten. April 2004 waard in nije fabriek iepene.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Feantsjerke út 1902 mei byld út 1996 fan in loegster, in frou dy't turf stode.
  • Filla út 1903, oarspronklik maresjeseekazerne, mei oanboud hûs foar de wachtkommandant.
  • It monumint ta oantins fan it bombardemint op de Puritfabryk yn de Twadde Wrâldkriich.

Tsjerkemienskippen

bewurkje seksje
 
Tsjerke fan de Hillige Henrikus

Berne yn Klazienaveen

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.cbs.nl/nl-nl/maatwerk/2017/31/kerncijfers-wijken-en-buurten-2017
  2. Klaziena Sluis op it Verhaal van Groningen
  Emmen  
Stêd:
Emmen
Doarpen:
Barger-CompascuumEmmer-CompascuumEricaKlazienaveenNieuw-DordrechtNieuw-SchoonebeekNieuw-WeerdingeNij-AmsterdamRoswinkelSchoonebeekVeenoordWeiteveenZwartemeer
Buorskippen:
AmsterdamscheveldBarger-ErfscheidenveenBarger-OosterveldBarger-OosterveenEmmer-ErfscheidenveenErmerveenFoxelKlazienaveen-NoardKoelveenMiddendorp (Schoonebeek)MunsterscheveldNoordbargeOosterse BosOranjedorpWeerdingeWesteneschWestersebosWilhelmsoordZandpolZuidbarge
  ·   ·