Veenoord (Drinte)
Veenoord is in plak yn de gemeente Emmen yn de provinsje Drinte. Oant de weryndieling yn 1998 hearde Veenoord ta de oant dan selstannige gemeente Sleen. Tegearre mei it oangrinzgjende Nij-Amsterdam foarmet Veenoord in twillingdoarp.
Veenoord | ||
Lokaasje Veenoord yn de gemeente Emmen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Drinte | |
Gemeente | Emmen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.120 (2021)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 7844 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 42' 39" NB, 6° 50' 54" EL | |
Kaart | ||
Lokaasje
bewurkje seksjeVeenoord leit oan de westlike râne fan de gemeente Emmen. Likernôch 6 kilometer súdlik fan it plak leit de Dútsk-Nederlânske grins. Noardlik fan it plak rint de Rykswei 37.
Veenoord leit oan it spoar fan Swol nei Stedskanaal. It yn 1905 boude stasjon stiet yn Veenoord, mar de útgong liedt oer de doarpsgrins nei Nij-Amsterdam. Offisjeel hjit it stasjon "Nieuw Amsterdam". It grutste diel fan de befolking wennet súdlik fan de Hoogeveense Vaart.
Skiednis
bewurkje seksjeVeenoord waard yn 1859 stifte. De namme suggurearret dat it doarp in typysk feandoarp is, mar oars as de doarpen om Veenoord hinne ûnstie it plak net as delsetting fan turfstekkers, mar as doarp foar de arbeiders foar it oanlizzen fan de Hoogeveense Vaart. Nij-Amsterdam dêrfoaroer wie fral it doarp fan turfstekkers.
Yn de rin fan de tiid woeksen Veenoord en Nij-Amsterdam jimmeroan mear nei inoar ta.
Yn de Twadde Wrâldkriich waarden 41 joaden út Veenoord en Nij-Amsterdam deportearre en fermoarde. Ta harren neitins waard yn 2012 yn de twa plakken meiïnoar 12 stroffelstienen lein.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeFuort op de grins tusken Veenoord en Nij-Amsterdam stiet it Van Gogh Hûs. Yn de herberge útfanhûze fan oktober 1883 oant desimber 1883 de skilder Vincent van Gogh. De keamer fan Vincent van Gogh is as museum foar it publyk tagonklik.
Oant de Hoogeveense Vaart stiet de Nooitgedacht. De yn 2004-2005 restaurearre mûne waard yn 1861 as earste doarpsmûne fan Veenoord boud en is as museum tagonklik. De mûne giet werom op in yn 1732 yn Ljouwert boude pel- en oaljemûne. Sûnt 1805 hat de mûne ek noch as oaljemûne "Het Fortuin" yn It Hearrenfean stien.
Musea
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Emmen | ||
---|---|---|
Stêd: Emmen | ||
Doarpen: Barger-Compascuum • Emmer-Compascuum • Erica • Klazienaveen • Nieuw-Dordrecht • Nieuw-Schoonebeek • Nieuw-Weerdinge • Nij-Amsterdam • Roswinkel • Schoonebeek • Veenoord • Weiteveen • Zwartemeer | ||
Buorskippen: Amsterdamscheveld • Barger-Erfscheidenveen • Barger-Oosterveld • Barger-Oosterveen • Emmer-Erfscheidenveen • Ermerveen • Foxel • Klazienaveen-Noard • Koelveen • Middendorp (Schoonebeek) • Munsterscheveld • Noordbarge • Oosterse Bos • Oranjedorp • Weerdinge • Westenesch • Westersebos • Wilhelmsoord • Zandpol • Zuidbarge | ||
· · |