Nooitgedacht (Veenoord)
De Nooitgedacht is in nôtmûne yn Veenoord yn de provinsje Drinte.
Nooitgedacht | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Veenoord | |
adres | Industrieweg 15 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Nôtmûne | |
boujier | 1916 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33786 [1] | |
offisjele webside | ||
Side fan mûne Nooitgedacht |
Skiednis
bewurkje seksjeEardere mûnen yn Veenoord datearren út 1862 en 1904. Beide mûnen baarnden ôf en de Nooitgedacht is de tredde mûne op it plak, dy't yn 1916 boud waard. Oarspronklik waard de mûne yn 1732 as pel- en oaljemûne yn Ljouwert boud. De mûne ferhûze yn 1805 nei It Hearrenfean, dêr't er as oaljemûne It Fortuin opboud waard. Fan dêr wei ferhûze de mûne tsjin it ein fan de 19e iuw nei it buorskip Hankate yn Oerisel. Nei de brân fan de twadde mûne yn Veenoord waard de mûne yn Hankate ôfbrutsen en wer opboud op it hjoeddeiske plak.
Yn 1952 kaam der in ein oan de mûnderstradysje fan de mûndersfamylje Van Aalst, dy't al sûnt de bou fan de earste mûne 1862 eigner wie. De mûne waard troch de famylje ferkocht oan de Coöperatieve Aan- en Verkoopvereniging Landbouwbelang G.A., dy't de mûne restaurearre en as opslach brûkte. Yn 1972 waard de mûne oerdroegen oan de feriening De Hollandsche Molen. Op 'e nij folge in restauraasje en by dy restauraasje waard ek it moderne wjukkesysteem feroare yn it âldhollânske wjuksysteem.
De mûne waard op 21 oktober 1980 oerdroegen oan de Molenstichting Drenthe. Dy stifting restaurearre de Nooitgedacht yn de jierren 2003-2005.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe mûne fertsjintwurdiget it type fan in achtkante boppekruier mei stelling. De ûnderbou is mitsele en giet fanôf de stelling oer op in houten boppebou mei achtkant. It achtkant en de kape binne reitdutsen. De roeden binne fan metaal en hawwe tsjintwurdich in âldhollânsk wjuksysteem. De flecht is 23 meter.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
- (ned) Molenstichting Drenthe
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|