Zuidbarge
Zuidbarge is in wenwyk en earder doarp yn de Drintske stêd Emmen.
Zuidbarge | ||
Zuidbarge | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
gemeente | Emmen | |
plak | Emmen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 380 (2017)[1] | |
Oerflak | 0,95 ha | |
Oar | ||
Postkoade | 7825 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 45' 4" NB, 6° 54' 16" EL | |
Offisjele webside | ||
www.zuidbarge.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Lizzing yn Emmen |
Geografy
bewurkje seksjeZuidbarge leit súdlik fan de kom fan Emmen en grinzget yn it westen en suden oan it Oranjekanaal en de wyk Rietlanden, yn it easten oan yndustryterrein Bargermeer en yn it noarden oan de rûnwei N391
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme Zuidbarge ferwiist nei "it suden by de heuvel", foar Noordbarge oer. Zuidbarge lei op ferhege sângrûn njonken de leger lizzende Bargermar, dy't letter drûchlein waard en dêr't hjoed-de-dei it yndustryterrein Bargermeer yn leit.
Zuidbarge wie fanâlds in iesdoarp en ûntstie mooglik al yn de achtste of njoggende iuw. It plak waard yn 1362 foar it earst neamd. Yn 1445 hie it doarp 11 hiemen en wie doe in selsstannich karspel.
It doarp hie fan 1905 oant 1938 en yn de Twadde Wrâldkriich in stasjon oan it spoar fan Swol nei Stedskanaal. It stasjonsgebou út 1904 waard yn 1945 sloopt omreden it yn de kriich swier skeind rekke wie.
Fan 1919 oant en mei 1978 hat it doarp in postkantoar hân.
Yn 1978, doe't it postkoadesysteem útfierd waard, joech de gemeente Emmen oan guon doarpen wêrûnder Súdbarge, dy't troch de útwreidings fan Emmen yn de beboude kom fan de stêd kamen te lizzen, gjin eigen postkoade. Sadwaande waarden dy doarpen formeel wiken fan de stêd. De ynwenners fan dy doarpen beskôgje harren doarpen noch hieltyd as "doarp by Emmen".
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Nôtmûne Zeldenrust
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Zuidbarge fan Wikimedia Commons. |
Wiken en buerten yn Emmen | ||
---|---|---|
Wiken: Angelslo • Bargeres • Bargermeer • Delftlanden • Emmerhout • Emmermeer • Emmerschans • Parc Sandur • Rietlanden • Sintrum | ||
Buorskippen: Barger-Oosterveld • Noordbarge • Weerdinge • Westenesch • Zuidbarge | ||
· · |
Emmen | ||
---|---|---|
Stêd: Emmen | ||
Doarpen: Barger-Compascuum • Emmer-Compascuum • Erica • Klazienaveen • Nieuw-Dordrecht • Nieuw-Schoonebeek • Nieuw-Weerdinge • Nij-Amsterdam • Roswinkel • Schoonebeek • Veenoord • Weiteveen • Zwartemeer | ||
Buorskippen: Amsterdamscheveld • Barger-Erfscheidenveen • Barger-Oosterveld • Barger-Oosterveen • Emmer-Erfscheidenveen • Ermerveen • Foxel • Klazienaveen-Noard • Koelveen • Middendorp (Schoonebeek) • Munsterscheveld • Noordbarge • Oosterse Bos • Oranjedorp • Weerdinge • Westenesch • Westersebos • Wilhelmsoord • Zandpol • Zuidbarge | ||
· · |