Rietlanden (Emmen)

Rietlanden is in wyk yn it suden fan it Drintske plak Emmen.

Rietlanden
Lizzing fan Rietlanden yn Emmen
Lizzing fan Rietlanden yn Emmen
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Emmen
plak Emmen
Sifers
Ynwennertal 9.630 (2017)[1]
Oerflak 304 ha
Winkelsintrum fan Rietlanden
Winkelsintrum fan Rietlanden
Offisjele webside
http://www.rietlandenemmen.nl/

Rietlanden grinzget yn it noarden oan de wyk Bargeres, yn it easten oan de buorskip Zuidbarge, yn it suden oan wenwyk en rekreaasjegebiet Parc Sandur, yn it westen oan it bûtengebiet fan Emmen en yn it noardwesten oan de wyk Delftlanden. De Rûnwei (N391) rint by de wyk del en de Hondsrugweg (Hûnsrichwei) ferbynt de wyk mei it Sintrum. Tichteby de wyk, yn Delftlanden, is it Stasjon Emmen-Súd.

Tariedings fan de bou fan de wyk waarden al yn de 1970-er jierren makke. It duorre oant 1983 doe't mei de bou úteinset waard. André de Jong wie arsjitekt fan de wyk. Hy woe in griene wyk bouwe om't op it plak fan de wyk eartiids heide wie en in stikmannich pleatsen stiene. De provinsje karde de plannen ynearsten ôf om't dy te djoer wiene. Nei guon oanpassings waarden de plannen goedkard. Yn 1984 waarden de earste wenten oplevere. Yn 1985 waard de earste basisskoalle fan de wyk iepene. Dêrnei folgen der noch fjouwer basisskoallen. Yn 1987 waard it winkelsintrum iepene.

De wyk hat ek in eigen fuotbalklup, DZOH Emmen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Wiken en buerten yn Emmen  
Wiken:
AngelsloBargeresBargermeerDelftlandenEmmerhoutEmmermeerEmmerschansParc SandurRietlandenSintrum
Buorskippen:
Barger-OosterveldNoordbargeWeerdingeWesteneschZuidbarge
  ·   ·