Heak om Ljouwert
De Heak om Ljouwert is in ferlizzing fan Rykswei 31 tusken de ein fan de A31 by Marsum en it begjin fan de Wâldwei by it knooppunt Werpsterhoek.
Yn 2008 lei dy ferbining noch fuort besuden en bewesten Ljouwert, wat soarget foar ferkearsopstoppingen yn de spits troch ferminging fan trochgeand ferkear mei ferkear dat de stêd yn en út giet. Boppedat rûn de wei dwers troch it gebiet dêr't wurke wurdt oan it nije stedsdiel De Súdlannen, dat ûnderdiel is fan de ferstedskingsopjefte oant 2020 ta, dy't Ljouwert steld waard troch it Ryk en de provinsje Fryslân.
Foarskiednis
bewurkje seksjeYn 1997 is troch Rykswettersteat, de provinsje Fryslân, it stedsgewest Ljouwert en de Gemeente Ljouwert in stúdzje start nei de ferkearssituaasje om Ljouwert hinne. Ien fan de konklúzjes fan it rapport wie dat it oanlizzen fan in nije autosnelwei essinsjeel is foar it oplossen fan de problemen by de ferkearsôfwikkeling op de Rykswei 31. Nei oanlieding fan in ferkenningstúdzje hat de minister fan Ferkear en wettersteat yn oktober 2001 de regio grien ljocht jûn foar in planstúdzje, dy't úteinlik resultearre yn in tal mooglike trasees.
Yn novimber 2006 waard troch de minister fan Ferkeer en Wettersteat, op basis fan de Trajektnota/MER, de ferskillende ynspraakreaksjes en it advys fan Rykswettersteat Noard-Nederlân, de gemeenten Littenseradiel, Menameradiel, Ljouwert en de Provinsje, in foarkar útsprutsen foar it Midden-east alternatyf, dat útwurke is.
Traseebeslút
bewurkje seksjeIt traseebeslút waard yn 2009 naam. Dêrfoar waarden noch ferskate farianten bestudearre, mar sa goed as wis wie doe ek al dat de nije wei by de oansluting fan de A31 mei de N383 by Marsum begjinne en by de Werpsterhoek op de A32 oanslute soe.
Foar de krusing mei it Van Harinxmakanaal wie in akwadukt pland. By de Werpsterhoeke soe yn 'e takomst it nije Stasjon Ljouwert Werpsterhoeke mei transfearium ferrize. De nije westlike ynfalsrûte fan Ljouwert, ek mei in akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal, moast oanslute op 'e Heak om Ljouwert.
Neffens de planning moast begjin 2010 begûn wurde mei de oanlis fan de Heak om Ljouwert en de byhearrende keunstwurken.
Protesten
bewurkje seksjeAl hawwe in soad minsken baat by in ferbettering fan de ferkearssituaasje oan de súd- en westkant fan Ljouwert, bestie der ek al jierrenlang ferset tsjin de plannen foar de Heak om Ljouwert, benammen út de hoeke fan natoer- en miljeu-organisaasjes en ynwenners fan omlizzende doarpen. Dy bestride it nut fan de Heak en de útwreidingsplannen fan Ljouwert en wize op 'e ûnwerstelbere skea dy't de natoerwearde fan it lânskip súd fan Ljouwert oandien wurdt.