Stasjon Ljouwert-Werpsterhoeke

Stasjon Ljouwert Werpsterhoeke is in nij te bouwen treinstasjon yn Ljouwert. It stasjon moat boud wurde oan it spoar nei Swol as part fan in grut transfearium by Knooppunt Werpsterhoeke. De lokaasje fan it stasjon is tichtby de nijbouwiken Techum, De Werp, en de nij te bouwen wenwyk Middelsee. Om 2025 hinne moat it stasjon klear wêze.

Spoaren yn Nederlân'

It spoar fan stasjon Ljouwert sil trochlutsen wurde nei Ljouwert-Werpsterhoeke.

By it stasjon sil in grut parkearterrein oanlein wurde. It is de bedoeling om sa it ferkear yn de rjochting fan it sintrum fan Ljouwert te ferminderjen. Njonken dat sil der ek in winkelplein en in bedriuwspark yn it gebiet boud wurde.

Yn 2018 waarden twa ûndertrochgongen foar auto's en fytsen yn gebrûk nommen. It ferwêzentlikjen en it yn gebrûk nimmen fan it stasjon wie ornearre earne nei 2018, ôfhinklik fan de ûntjouwing fan de wentebou yn de omkriten[1][2]. Yn 2019 waard stribbe nei it yn gebrûk nimmen yn 2025[3].

TreinferbiningsBewurkje

Fan it nije stasjon út sil men reizgje kinne nei Grins en Swol.

  • Line Ljouwert - Grins:

Ljouwert-Werpsterhoeke - Ljouwert - Stasjon Ljouwert Achter de Hoven - Ljouwert-Kammingabuorren - Hurdegaryp - Feanwâlden - De Westereen - Bûtenpost - Gryptsjerk - Súdhorn - Grins - Grins Europapark.

  • Line Ljouwert - Swol:

Ljouwert - Ljouwert-Werpsterhoeke - Grou/Jirnsum - Akkrum - It Hearrenfean - It Hearrenfean Iisstadion - Wolvegea - Stienwyk - Meppel - Swol.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: