Stasjon Mantgum is it stasjon yn Mantgum oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. De iepening wie op 16 juny 1883. Fan 15 maaie 1938 oant 1 maaie 1940 en fan 24 novimber 1940 oant 3 juny 1973 hat it stasjon lykwols sletten west. It stasjonsgebou fan 1883 waard yn 1973 ferfongen troch in abry.

Station Mantgum
Stasjon Mantgum ±1910

Dit spoar wurdt eksploitearre troch Arriva.

Yn septimber 2018 krige it stasjon Mantgum fernijde, dimde ferljochting. Dat waard dien op inisjatyf fan in groep Mantgumers, by wize fan enerzjybesparring, mar mear noch om 'e ljochtfersmoarging tsjin te gean, dy't it nachtlik tsjuster by Mantgum ferpeste en dêr't nachtdieren as flearmûzen en ûlen lêst fan hiene.[1]

Tsjinsten Bewurkje

De folgjende tsjinsten dogge Mantgum oan:

Searje Trein type Route Materiaal Frekwinsje
30000 Arriva Stoptrein Ljouwert - Mantgum - Snits Noard - Sneek - Drylts - Warkum - Hylpen - Koudum-Molkwar - Starum Stadler GTW (bekend as de Spurt) 2x yn 't oere nei Snits, 1x yn 't oere fierder nei Starum

Boarnen, noaten en referinsjes Bewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jonker, Ines, Treinstation Mantgum weer in duisternis gehuld, yn: de Ljouwerter Krante, 12 septimber 2018, s. 25.
Spoarstasjons yn Fryslân  
AkkrumBûtenpostDeinumDryltsDronrypFeanwâldenFrjentsjerGrou-JirnsumHarnsHarns-HavenIt HearrenfeanIt Hearrenfean-IisstadionHylpenHurdegarypKoudum-MolkwarLjouwert ● Ljouwert - Achter de Hoven (sletten) ● Ljouwert-Kammingabuorren ● Ljouwert-Werpsterhoeke (noch te bouwen) ● MantgumSnitsSnits-NoardStarumWarkumDe WestereenWolvegea