Spurt Noardlike Njonkenlinen

Spurt is de namme fan it materieel fan Arriva, yn 'e tsjinst sûnt 2006. It wiene de earste treinen yn Nederlân mei in ynstap op perronhichte, troch in útskotrede slút dy goed oan op it perron wêrtroch't reizgers mei in rolstoel sûnt 2006 selsstannich reizgje kinne mei de trein.

Spurt Noardlike Njonkenlinen
Spurt 10236 Tonny van Leeuwen op stasjon Starum
Spurt 10236 Tonny van Leeuwen op stasjon Starum
Algemien
Type Stadler GTW 2/6
Stadler GTW 2/8
Oantal Stadler GTW 2/6:14
Stadler GTW 2/8:37
Searje 2/6: 10228-10233, 10237-10244
2/8: 10301-10327, 10345-10346
Fabrikant flagge fan Switserlân   Stadler Rail
Yntsjinststelling 2006
Ferfierder Arriva
Spoarweinet Noardlike Njonkenlinen
Line(n) Noardlike Njonkenlinen
Spoarbreedte 1435 mm
Gewicht 2/6: 68 ton
2/8: 87 ton
Breedte 2,95 m
Hichte 4,035 m
Uterste faasje 140 km/o
Flierhichte 780 mm
Doarren 2/6: 4
2/8: 6
Breedte doarren 1300 mm
Sitplakken
Sitplakken 1e klasse 2/6: 8
2/8: 16
2/8 verlengd: 8
Sitplakken 2e klasse 2/6: 92/100
2/8: 148/156
2/8 verlengd: 156/164
Tal klapstuollen 2/6: 18/11
2/8: 21/14
Tal rolstoelplakken 1
Technyk
Stroomsysteem 1500 V
Fermogen 600 kW
Koppeling Scharfenberg

Om it âlde materieel te ferfangen, wurdt der by it Switserske Stadler nij materieel fan it model GTW besteld. Arriva bestelde yn 2005 43 fan dizze treinen om al it besteande materieel de Waadrinners dy't Arriva fan NS hierde op de Noardlike Njonkenlinen yn ien kear ferfange te kinnen. Dit binne 27 treinstellen fan it type 2/6 en 16 treinstellen fan it type 2/8. Foar de ynset yn Nederlân moat der yn ferbân mei strangere easken foar de feiligens in nije kabine ûntwurpen wurde. Hjirmei binne de treinstellen foar Arriva de earste treinstellen fan de fjirde generaasje GTW. Op 1 juny 2006 is it earste treinstel, de 2/6 10228 (Jan Uitham), klear. Ein augustus 2006 komt de 10303 (Tiny Mulder) as twadde treinstel nei Nederlân. De 10303 wurdt brûkt foar proefritten tusken Grins en Súdbroek. Op 1 novimber 2006 wurdt it treinstel 10305 (Ubbo Emmius) as earste treinstel offisjeel yn tsjinst naam. Yn 2008 wurde acht ekstra treinstellen besteld. Dit binne twa treinstellen fan it type 2/8 en seis treinstellen type 2/6.

 
Links de 10313 Alleta H. Jacobs yn de nije kleuren en rjochts de 10351 Belcampo yn de âlde kleuren

Oarspronklik wiene de treinstellen read mei in wyt front, By it modernisearjen fan de treinstellen krigen de treinen fanôf 2019 in blaugriene kleur mei noch altyd in wyt front passend by de yn 2018 trochfierde hússtyl fan Arriva. Ek it ynterieur en it reizgersynformaasjesysteem waarden fanôf 2019 fernijd. De earste klasse waard ôfskaft. De kessens waarden donkerblau mei ljochtblauwe streken, ljochtblauwe holsteunen en earmleuningen mei houtymitaasje. By de spesjale sitplakken is yn it holkessen yn reliëf oanbrocht om oan te tsjutten dat dy sitplakken ornearre binne foar minsken dy 't min rinne of foar froulju dy't swier binne. Oan 'e efterkant fan 'e stoel is in opklapber taffeltsje oanbrocht. In tal sitplakken is by in gruttere tafel set, sadat der fjouwer stuollen om hinne stean. De flier is yn de multyfunksjonele romte stroefer makke, sadat útglydzjen foarkaam wurdt. Yn 'e romte fan it húske is in tafel om lytse poppen ferskjinje te kinnen. De bagaazjerekken binne foarsjoen fan ferljochting. Op de balkons binne ôffalbakken mei trije fakken pleatst foar it skieden fan it ôffal. Yn it hiele treinstel is kameratafersjoch. Oan de bûtenkant is in yndikator oanwêzich neist it bestimmingsdisplay dêr't de drokte yn de trein op te sjen is.

Bysûndere útfieringen

bewurkje seksje

Yn 2014 krige de 2/8 10303 Tiny Mulder stickers foar de Wiederline, de spoarferbining tusken Leer en Grins. De bestikkering bestiet út twa flaggen op 'e kop. Oan de iene side de Dútske flagge en oan de oare kant de Nederlânske flagge. Op 27 juny 2015 is ek de 2/8 10302 Bastiaan Jan Ader fan dizze bestikkering foarsjoen. De 10301 Riemer en Annie folge op 11 july 2015.

Op 28 maart 2018 is it stasjon Eemshaven iepene. Dêrta is de 10336 Tonny van Leeuwen bestikkere om út Grins wei mei de trein nei it Dútske eilân Boarkum te reizgjen. It treinstel is hjirby foaral blau bestikkere, mei op elke bak in oar motyf. It A-rydtúch is foarsjoen fan it strân en in fjoertoer, it D-rydtúch is foarsjoen fan in fearboat dy 't oer it wetter fart, it C-rydtúch is foarsjoen fan in tsjerketoer en it B-rydtúch is foarsjoen fan huzen oan it wetter. Yn maaie 2021 is it treinstel ûntdien fan dizze hússtyl.

Om de bining mei de provinsjes te fergrutsjen dêr 't it materieel rydt, krigen de treinstellen nammen fan bekende persoanen út de provinsjes Fryslân en Grinslân. Op 6 oktober 2006 waard de 2/8 10304 as earste fan in namme foarsjoen. It treinstel krige de namme Hans Alders, de kommissaris fan de Keninginne yn Grinslân.

Stelnûmmer Namme Stelnûmmer Namme Stelnûmmer Namme
10228 Jan Uitham 10229 Sjoukje Dijkstra 10230 Ede Staal
10231 Hotze Schuil 10232 Foppe de Haan 10233 Liesbeth List
10234 Fedde Schurer 10235 Jan de Roos 10236 Tonny van Leeuwen
10237 Marianne Timmer 10238 Foppe Inne Brouwer 10239 Piet Oberman
10240 Eise Eisinga 10241 Ger Vaders 10242 Samuel van Houten
10243 Egbert Wagenborg 10244 Anthony Winkler Prins 10247 Mata Hari
10248 Evert van Benthem 10249 Jan Pelleboer 10250 Johan van Veen
10251 Belcampo 10301 Riemer en Annie 10302 Bastiaan Jan Ader
10303 Tiny Mulder 10304 Hans Alders 10305 Ubbo Emmius
10306 Gerrit Krol 10307 Frits Zernike 10308 Heike Kamerlingh Onnes
10309 Hendrik Nicolaas Werkman 10310 Abe Lenstra 10311 Hans Wiegel
10312 M. Vasalis 10313 Aletta H. Jacobs 10314 Jopie Huisman
10315 Abel Tasman 10316 Wim Duisenberg 10317 Willem Barentsz
10318 Nynke fan Hichtum 10319 Marte Röling 10320 Cees Bijlstra
10321 Piet Paaltjens 10322 Titus Brandsma 10323 Willem Albert Scholten
10324 Sicco Mansholt 10325 J.J. Nooitgedagt 10326 M.C. Escher
10327 Jelle Zijlstra 10345 Ruurt Hazewinkel 10346 Pieter Jelles Troelstra

Om it grutte tal fytsen en bagaazje ferfiere te kinnen fan reizgers nei de Waadeilannen, waarden trije treinstellen yn de simmermoannen oanpast foar dit doel. Dat binne de 2/8 treinstellen 10321 Piet Paaltjens, 10323 Willem Albert Scholten en 10327 Jelle Zijlstra. In oantal rigen mei stuollen waarden hjirby fuorthelle en makken plak foar rekken. Nei de simmermoannen krigen de treinstellen harren stuollen wer werom. De oanpaste treinstellen waarden by benammen ynsetten tusken Ljouwert en Harns Haven. Yn 2014 binne seis treinstellen 2/6 ferlinge oant 2/8. Yn 2016 binne nochris twa treinstellen ferlinge oant 2/8. Dizze ferlinging wurdt ynjûn troch it heger wurden tal reizgers. de treinen krigen nei de ferlinging in nij nûmer mar net in nije namme

Namme Ald nûmer Nij nûmer Namme Ald nûmer Nij nûmer
Fedde Schurer 10234 10334 Jan de Roos 10235 10335
Tonny van Leeuwen 10236 10336 Mata Hari 10247 10347
Evert van Benthem 10248 10348 Jan Pelleboer 10249 10349
Johan van Veen 10250 10350 Belcampo 10251 10351

Op 1 novimber 2006 wurdt it treinstel 10305 (Ubbo Emmius) as earste treinstel offisjeel yn tsjinst naam op de line. Grins – Bad Nijeskâns – Leer. Fanôf 2021 is de Spurt op de trajekten yn Fryslân ferfongen troch de Wink. Mar sûnt 14 juny 2021 wurdt op it trajekt Ljouwert - Harns Haven yn it wykein ek wer diels mei de Spurt riden, om 't dy mear romte hawwe om fytsen ferfiere te kinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: