Ger Vaders
Ger Vaders (29 augustus 1925 - 13 july 2005, Grins) wie haadredakteur fan it Nijsblêd fan it Noarden.
Ger Vaders' syn earste wurk by de krant wie fuort nei de oarloch, yn 1945, by De Waarheid. Yn 1947 en 1948 focht er foar Nederlân mei yn de Yndonezyske ûnôfhinklikensoarloch. Yn 1950 kaam er te wurkjen foar De Tillegraaf, dêr't er ûnder oaren korrespondint yn Londen foar wie.
Fan 1961 oan 1987 wie er haadredakteur fan it Nijsblêd fan it Noarden. Hy joech ein santiger jierren de deistige lieding fan de krant oer, nei in konflikt mei de redaksje, mar hie hieltyd noch de algemiene lieding. Yn syn tiid ferdûbbele de oplaach fan de krante nei mear as 140.000.
Op 2 desimber 1975 siet er by tafal yn de trein dy't by Wyster troch Súd-Molukkers gisele waard. Deis nei de giseling publisearre er hjiroer yn syn krante, en nei syn pinsjoen skreau er der in boek oer: IJsbloemen en witte velden (1989).
Yn 1993 gong er werom nei Yndoneezje en reizge mei Poncke Princen, dy't yn de ûnôfhinklikensoarloch oan de side fan Yndoneezje stie, nei plakken dêr't doedetiid fochten waard. Oer dy reis skreau er De Verliezers (1993).
Vaders ferstoar, 79 jier âld, yn syn wenplak Grins.
Bibliografy
bewurkje seksje- 1989 - IJsbloemen en witte velden (Iisblommen en wite fjilden)
- 1993 De verliezers (De ferliezers)