Abel Tasman
Abel Janszoon Tasman (Lytsegast (Grinslân), 1603 – Batavia (Java), 10 oktober 1659) wie in Nederlânsk ûntdekkingsreizger. Hy is fral bekend troch syn reizen tusken 1642 en 1644 yn tsjinst fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy (FEK). Der op útstjoerd troch Antonio van Diemen ûntduts hy it Fan Diemenslân (no Tasmaanje) en Nij-Seelân.
Tasman hie al earder op ûntdekkingsreis west. Yn 1639 wie er twadde man fan de ekspedysje ûnder Matthijs Quast. De seeën eastlik fan Japan waard doe ûndersocht.
Tasman syn opdracht wie it lân te ûndersykjen dat doe noch bekend stie as Nij-Hollân (it hjoeddeiske Austraalje). De westkust fan dat kontinint wie alris troch Nederlanners besocht. Men woe witte at it in part wie fan Terra Australis, in ûndersteld súdlik kontinint. De FEK hope dat dêr in nij hannelsgebiet iepenlein wurde koe.
Ut it eachpunt fan de FEK wiene Tasmans reizen mislearre om't it úteinlik gjin nij hannelsgebiet opsmiet.
-
Oarlochsdûns, Maory
-
Observaasje fan it eilân Amsterdam (Tongatapu)
-
De baai fan Tongatapu. Houtfyk út it reisdeiboek fan Tasman 1642-43
-
Kano op de Salomons-eilannen
-
Tasman beskreau de donkere, mei kalk beskildere manlju.
Literatuer
bewurkje seksje- Roeper, V. & D. Wildeman (2006) Het journaal van Abel Tasman 1642-1643. Nasjonaal Argyf, De Haach. Waanders Utjouwers, Swol.
- Slot, B.J. (1992) Abel Tasman en de ontdekking van Nieuw-Zeeland, Bercker, Kevelaer.
- Dirck Rembrantsz van Nierop (1674) Journaal Abel Tasman, National Library Wellington New Zealand