Wim Duisenberg
Wim Duisenberg (It Hearrenfean, 9 july 1935 - Faucon (Frankryk), 31 july 2005) folút Willem Frederik Duisenberg, ekonoom en bankier, is berne op It Hearrenfean op 9 july 1935. Wim Duisenberg wie de earste presidint fan de Jeropeeske Sintrale Bank en ien fan de driuwende krêften efter de ynfiering fan de Euro.
Hy brocht syn jonge jierren troch yn Akkrum dêr't syn âlders in bakkerij hienen. Hy folge de H.B.S. op it Hearrenfean en gie op syn 19e nei Ryksuniversiteit Grins dêr't er ekonomy studearre.
Duisenberg wie fan 1970 oant 1973 professor yn de makro-ekonomy oan de Universiteit fan Amsterdam, en fan 1973 oant 1977 minister fan finânsjes yn it Kabinet-Den Uyl. Yn 1977-1978 siet hy út namme fan de PvdA yn de Twadde Keamer, mar naam dêr ôfskied om bestjoersfoarsitter te wurden fan Rabobank Nederlân.
Fan 1982 oant 1997 wie Duisenberg presidint fan de Nederlânske Bank, dêrnei waard hy aktyf yn de EMU. Yn 1998 waard hy de earste presidint fan de Jeropeeske Sintrale Bank, mei de Frânsman Christian Noyer as fise-presidint. Hy soe dy funksje yn earste ynstânsje op 9 july 2003 op syn 68e jierdei dellizze. Syn opfolger, Jean-Claude Trichet, wie yn Frankryk yn opspraak rekke, en earst neidat in ûndersyk nei syn hanneljen by de teloargong fan de bank Credit Lyonnais troch de Frânske jústysje ôfrûne wie, koe Duisenberg op 1 novimber 2003 syn funksje oerjaan.
Op 26 maart 2007 waard yn it sintrum fan It Hearrenfean in brûnzen byld fan Duisenberg pleatst.
Biografy
bewurkje seksje- B. de Haas en C. van Lotringen, Wim Duisenberg. Van Friese volksjongen tot mr. Euro (2003) ISBN 90-254-1330-7