Ministearje fan Finânsjes (Nederlân)

It ministearje fan Finânsjes is yn Nederlân it ministearje dat him bemuoit mei de finânsjes fan it lân: de begrutting, de belestingen en de steatskas.

Ministearje fan Finânsjes
Ministearje fan Finânsjes (Nederlân)
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
algemien
lân flagge fan Nederlân Nederlân
adres Koarte Foarhout 7
De Haach
skiednis
oprjochting 12 maart 1798
funksjehâlders
minister Steven van Weyenberg
steatssekretaris Marnix van Rij, Aukje de Vries
sekretaris-generaal Bas van den Dungen
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-financien

Politike lieding

bewurkje seksje

Yn it kabinet-Rutte III wie Wopke Hoekstra fan it CDA de minister fan Finânsjes. De steatssikretarissen wiene Menno Snel (D66) - hâldt him dwaande mei ûnder mear fiskale saken, finânsjes, desintrale oerheden en kânsspullen, Hans Vijlbrief (D66) en Alexandra van Huffelen (D66).

Yn it kabinet-Rutte IV is Steven van Weyenberg fan D66 (wie Sigrid Kaag, D66) de minister en Marnix van Rij fan it CDA en Aukje de Vries fan 'e VVD de steatssikretarissen.

It ministearje fan Finânsjes is ferantwurdlik foar de ynkomsten en útjeften fan it Ryk. It sjocht derop ta dat it jild fan 'e Nederlânske oerheid in goed plak krijt.

Ek is it ministearje fan Finânsjes ferantwurdlik foar it binnenlânsk finansjeel-ekonomysk belied. Dat wol sizze de grutte linen fan 'e ynkomsten en útjeften fan bedriuwen en boargers.

It ministearje hâldt boppedat tafersjoch op it funksjonearjen fan 'e finansjele merken, de finansjele ynstellings en it betellingsferkear.

Fierders is it ministearje ferantwurdlik foar de ôfstimming fan it finansjeel-ekonomysk belied op Jeropeesk en wrâldwiid nivo.

Wichtige ûnderdielen fan it Ministearje fan Finânsjes binne de Belestingtsjinst en de Dûane.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Nederlânske ministearjes  

Algemiene Saken (AZ) · Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) · Bûtenlânske Saken (BZ) · Definsje (Def) · Ekonomyske Saken en Klimaat (EZ) · Finânsjes (Fin) · Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) · Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) · Justysje en Feiligens (J&V) · Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (LNV) · Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) · Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW)

  ·   ·