Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport
It Nederlânske ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport, ôfkoarte ta VWS (Volksgezondheid, Welzijn en Sport), is it ministearje dat him foaral dwaande hâldt mei de folkssûnens. Dat omfettet bygelyks sikehuzen, genêsmiddels, syktekosten en hûsdokters. Fierders is it ministearje ferantwurdlik foar it previnsjebelied, de previntive sûnenssoarch, de publike sûnens en de itensfeiligens. Ek saken dy't te krijen hawwe mei it wolwêzen hearre dêrta, lykas de âlderesoarch, it jongereinbelied, it sosjaal-kultureel wurk, de ferslaafdesoarch en de maatskiplike tsjinstferliening. Dêrneist is it ministearje ferantwurdlik foar it belied wat sport oanbelanget.
Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport VWS | ||
![]() | ||
![]() | ||
It gebou fan it ministearje yn De Haach. | ||
algemien | ||
lân | ![]() | |
skiednis | ||
oprjochting | 1982 | |
funksjehâlders | ||
minister | Ernst Kuipers Conny Helder (sûnder portefúlje) | |
steatssekretaris | Maarten van Ooijen | |
sekretaris-generaal | Marcelis Boereboom | |
offisjele webside | ||
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-volksgezondheid-welzijn-en-sport |
Politike lieding Bewurkje
Yn it kabinet-Rutte III wie Hugo de Jonge (CDA) de minister. Ministers sûnder portefúlje wiene Bruno Bruins (VVD), Martin van Rijn (PvdA) en Tamara van Ark (VVD). Steatssekretaris wie Paul Blokhuis (CU).
Yn it kabinet-Rutte IV is Ernst Kuipers (D66) de minister. Conny Helder (VVD) is minister sûnder portefúlje. Maarten van Ooijen (CU) is steatssekretaris.
Keppeling om utens Bewurkje
Nederlânske ministearjes | ||
---|---|---|
Algemiene Saken (AZ) · Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) · Bûtenlânske Saken (BZ) · Definsje (Def) · Ekonomyske Saken en Klimaat (EZ) · Finânsjes (Fin) · Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) · Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) · Justysje en Feiligens (J&V) · Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (LNV) · Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) · Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW) |