Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat
It Nederlânske ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, ôfkoarte ta I&W (Infrastructuur en Waterstaat), is in ministearje dat ûnder it kabinet-Rutte I ûntstie ûnder de namme "Ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu" (Infrastructuur en Milieu) troch in fúzje fan 'e eardere ministearjes fan Ferkear en Wettersteat en Folkshúsfêsting, Romtlike Oardening en Miljeubehear. Nei it foarmjen fan it kabinet-Rutte III krige it de hjoeddeistige namme.
Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat I&W | ||
It VROM-gebou oan Rijnstraat 8 yn De Haach. | ||
algemien | ||
lân | Nederlân | |
adres | Rijnstraat 8, De Haach | |
skiednis | ||
oprjochting | 14 oktober 2010 | |
funksjehâlders | ||
minister | Barry Madlener | |
steatssekretaris | Chris Jansen | |
sekretaris-generaal | Jan Hendrik Dronkers | |
offisjele webside | ||
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-infrastructuur-en-waterstaat |
Politike lieding
bewurkje seksjeYn it kabinet-Rutte III wiene Cora van Nieuwenhuizen (VVD) en Barbara Visser (VVD) de ministers fan Ynfrastruktuer en Miljeu. Hja hâldt har dwaande mei Wegenynfrastruktuer, Wetter, Skipfeart, Loftfeart, Iepebier ferfier en spoar.
De steatssikretarissen foar Miljeu en Wenjen wiene Stientje van Veldhoven (D66) en Steven van Weyenberg (D66) en wurket oan Miljeu (útsein Klimaat), Sirkulêre ekonomy, Duorsum ferfier, ferkearsmisjes en brânje, Boaiem, Fytsbelied, KNMI, Autoriteit Nukleêre Feiligens en Stralingsbeskerming en Planburo foar de Libbensomjouwing.
Yn it kabinet-Rutte IV wie Mark Harbers (VVD) de minister en Vivianne Heijnen (CDA) de steatssekretaris.
Yn it kabinet-Schoof is Barry Madlener (PVV) de minister en de steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, mei miljeusaken, iepenbier ferfier, spoarwegen, boaiem en KNMY ynbegrepen is Chris Jansen (PVV).
Keppeling om utens
bewurkje seksjeNederlânske ministearjes | ||
---|---|---|
Algemiene Saken (AZ) ·
Ministearje fan Asyl en Migraasje (A&M) ·
Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) ·
Bûtenlânske Saken (BZ) ·
Definsje (Def) ·
Ekonomyske Saken (EZ) ·
Finânsjes (Fin) ·
Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering (VRO) ·
Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) ·
Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) ·
Justysje en Feiligens (J&V) ·
Klimaat en Griene Groei (KGG)
Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer (LVVN) ·
Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) ·
Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW) | ||
· · |