Barbara Visser (politika)
Barbara Visser (Šibenik, 16 augustus 1977) is in Nederlânsk politika fan mingd Nederlânsk-Kroätysk etnysk komôf. Hja is lid fan 'e VVD en hat foar dy politike partij tsjinne as gemeenteriedslid, wethâlder en lid fan 'e Twadde Keamer. Fan 2017 oant 2021 wie Visser steatssiktaris fan Definsje. Neitiid wie se in lyts healjier minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.
Barbara Visser | ||
politikus | ||
Barbara Visser yn 2012 | ||
echte namme | Barbara Visser | |
nasjonaliteit | Kroätysk Nederlânsk | |
bertedatum | 16 augustus 1977 | |
berteplak | Šibenik (Kroaasje) | |
etnisiteit | Kroätysk Nederlânsk | |
partij | VVD | |
lid fan 'e gemeenteried fan Saanstêd | ||
amtsperioade | 2006 – 2010 | |
wethâlder fan Saanstêd | ||
amtsperioade | 2010 – 2012 | |
lid fan 'e Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 2012 – 2017 | |
steatssiktaris fan Definsje | ||
amtsperioade | 2017 – 2021 | |
foargonger | Jack de Vries | |
opfolger | Christophe van der Maat | |
minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat | ||
amtsperioade | 2021 – 2022 | |
foargonger | Cora van Nieuwenhuizen | |
opfolger | Mark Harbers |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeVisser waard yn 1977 berne yn 'e Kroätyske stêd Šibenik, as de dochter en iennichst bern fan in Nederlânske heit en in Kroätyske mem. Hja hat dêrom sawol de Nederlânske as de Kroätyske nasjonaliteit. By har berte foarme de Sosjalistyske Republyk Kroaasje noch in dielsteat fan 'e Sosjalistyske Federale Republyk Joegoslaavje. Yn 1980, doe't se trije jier wie, emigrearre Visser mei har mem nei Nederlân, dêr't se fierder opgroeide.
Wol gie it gesin elts jier yn 'e simmerfakânsje op famyljebesite yn Kroaasje. Sadwaande wiene hja dêr doe't yn 'e simmer fan 1991 de Joegoslavyske Oarloggen útbrieken, in barren dat grutte ynfloed hie op 'e foarming fan Visser as persoan. Hja kamen yn in file te stean op in berchwei dy't ôfsletten wie troch Servyske troepen, klaaid yn unifoarmen mei dêrop it embleem fan 'e Četniks, in mei nazy-Dútslân kollaborearjende striidgroep út 'e Twadde Wrâldoarloch. Hja skandearren anty-Kroätyske biedwurden en swaaiden mei fjoerwapens. Visser sels wie mei it idee fan ien feriene Joegoslaavje opgroeid, en wist amper it ferskil tusken Serven en Kroäten. Har âlden bearden dat se Nederlanners wiene en nei in hiele dei omriden arrivearre it gesin by in muoike fan Visser. Dêr bleaune se net lang; twa dagen letter wiene se werom yn Nederlân. Yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante omskreau Visser dat barren yn 2018 as "gjin traumatysk, mar wol in libben oantinken" en as "bizar".
It doarp op it Kroätyske plattelân, dêr't de famylje fan Visser har mem weikaam, waard yn 'e Kroätyske Unôfhinklikheidsoarloch beset troch de Serven, en de ynwenners dy't har foartiid net út 'e fuotten makke hiene, waarden fermoarde. Yn in tiid dat mobile tillefoanen noch net bestiene, siet Visser har mem lang yn ûnwissichheid oer it lot fan har neisten. Uteinlik die lykwols bliken dat Visser har pake en beppe en oare famyljeleden nei de stêd Šibenik witten hiene te flechtsjen, dy't yn Kroätyske hannen bleau, hoewol't der in skoft lang suver op deistige basis bombardeminten op útfierd waarden troch de Serven. Neffens Visser hat 'frijheid', dat foar de measte Nederlanners in wat dizenich en abstrakt begryp is, foar harsels troch har ûnderfinings yn Kroaasje wier betsjutting krigen.
Yn Nederlân stjoerden Visser har âlden har nei in strang kristlike basisskoalle, om't se fûnen dat se ferlet hie fan dissipline. Visser sels fûn fan net. Lykwols befoel it har dêr nei eigen sizzen goed. Se behelle yn 1995 har VWO-diploma oan it Pascal College yn Saandam. Fan 1995 oant 2001 studearre se bedriuwskunde fan 'e finansjele sektor (BFS) oan 'e Frije Universiteit yn Amsterdam.
Karriêre
bewurkje seksjeNei it ôfrûnjen fan har stúdzje fûn Visser in baan by de Fiskale Ynljochtinge- en Opspoaringstsjinst (FIOD), dy't resortearret ûnder it Ministearje fan Finânsjes. Hja wurke dêre oant yn 2007. Fan jong ôf oan fielde se har ferbûn mei de VVD. Op oanrieden fan har baas by de FIOD sette Visser njonkelytsen útein mei in politike karriêre foar dy partij.
Nei't se harsels ferkiesber steld hie as gemeenteriedslid, siet se fan maart 2006 oant april 2010 yn 'e gemeenteried fan Saanstêd. Nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 waard se yn dyselde gemeente wethâlder, mei yn har portefúlje ekonomy, toerisme, wurk en ynkommen, yntegraasje en personiel en organisaasje.
By de Twadde-Keamerferkiezings fan 2012 stie Visser op it 21e plak op 'e kieslist fan 'e VVD. Se behelle 3.509 foarkarstimmen en waard yn septimber 2012 beëdige as parlemintslid. Fan 2012 oant 2014 wie se foar de VVD yn 'e Twadde Keamer wurdfierster op it mêd fan folkshúsfêsting (wenjen, bouwen, eigenwentebesit, stedsfernijing en kreakjen).
By de Twadde-Keamerferkiezings fan 2017 stie Visser op it sânde plak op 'e kieslist fan 'e VVD en behelle se 9.220 foarkarsstimmen. Op 26 oktober 2017 waard se oansteld as steatssekretaris fan Definsje yn it kabinet-Rutte III. Har portefúlje befette personiels- en materieelfoarsjenning en bedriuwsfiering.
Yn dy funksje krige Visser te meitsjen mei it Groom-6-skandaal, wêrby't se út namme fan it ministearje har ûntskuldigings meitsje moast foar it jierrenlang tapassen fan 'e giftige, kankerferwekjende ferve groom-6. Oare misstannen yn har departemint wiene problemen fuotkommend út it gebrekkige materieel en it brekme oan sosjale feilichheid, wêrby't lju dy't oan 'e bel loeken, bestraft waarden, wylst narders en militêren dy't har skuldich makken oan noch slimmere dingen, op beskerming rekkenje koene. Neffens Visser wie it Ministearje fan Definsje krekt in hûs dêr't (troch de oanhâldende besunigings) 25 jier lang gjin ûnderhâld oan dien wie, en dat no ferboud wurde moast wylst de bewenning gewoan trochgie.
Op 31 augustus 2021 ferliet Visser Definsje, doe't se yn it demisjonêre kabinet-Rutte III beneamd waard as minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Yn dy funksje wie hja de opfolchster fan Cora van Nieuwenhuizen, dy't ûnderwilens oar wurk fûn hie as lobbyiste. De taken fan Visser op it Ministearje fan Definsje waarden oernommen troch minister Ank Bijleveld. Op 10 jannewaris 2022 waard Visser by it oantreden fan it kabinet-Rutte IV as minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat opfolge troch Mark Harbers.
Priveelibben
bewurkje seksjeVisser is allinnichsteand. Se hâldt fan autoriden en fan fuotbal (se is fan fan Feyenoord). Op 'e fraach oft har famylje yn Kroaasje grutsk is dat se steatssekretaris is, antwurde Visser yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante: "Ik moat fral útlizze wêrom't ik yn 'e polityk sit. It wurdt yn Kroaasje assosjearre mei gedoch en korrupsje."
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|