Ministearje fan Justysje en Feiligens

It Nederlânske ministearje fan Justysje en Feiligens, ôfkoarte ta J&V (Justitie en Veiligheid) bemuoit him mei de rjochtsoarder yn alle stadia. Dat komt del op ûnder mear wetjouwing, previnsje, hânhâlding, strafoplizzing en slachtofferhelp. Oant 14 oktober 2010 hiet dit ministearje 'ministearje fan Justysje', mar mei yngong fan it kabinet-Rutte I is it ûnderdiel 'Feiligens' út BZK wei oan it ministearje taheakke, wêrtroch't it ministearje de namme 'ministearje fan Feiligens en Justysje' krige.

Ministearje fan Justysje en Feiligens
J&V
Ministearje fan Justysje en Feiligens
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
algemien
lân flagge fan Nederlân Nederlân
adres Turfmerk 147
2511 DP De Haach
skiednis
oprjochting 12 maart 1798
funksjehâlders
minister Dilan Yeṣilgöz-Zegerius
Franc Weerwind (Rjochtsbeskerming)
steatssekretaris Eric van der Burg
sekretaris-generaal Dick Schoof
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-justitie-en-veiligheid

Yn oktober 2017, by it oantreden fan it kabinet-Rutte III, is de namme ûnder druk fan juristen, feroare ta Ministearje fan Justysje en Feiligens, om't hja miene dat "justysje" de âldste rjochten hat en in hegere wearde hat as "feiligens" .

Under de ferantwurdlikens fan it ministearje fan Feiligens en Justysje falle ûnder oare de Nasjonaal Koördinator Terrorismebestrieding en Feiligens, de plysje, de Ynspeksje Feiligens en Justysje, de Justysjele útfieringstsjinst Toetsing, Integriteit en Screening (Tsjinst Justis), de Ymmigraasje- en Naturalisaasjetsjinst, Tsjinst Weromkomst & Ofreis, Brânwar, Tsjinst Justysjele Ynljochtings, it Sintraal Justysjeel Ynkassoburo (CJIB) en it Iepenbier Ministearje.

Politike lieding bewurkje seksje

Yn it kabinet-Rutte III wie Ferdinand Grapperhaus fan 'e CDA minister fan Justysje en Feiligens. Sander Dekker (VVD) wie minister foar Rjochtsbeskerming op it departemint. De steatssikretarissen wiene Mark Harbers (VVD) en Ankie Broekers-Knol (VVD).

Yn it kabinet-Rutte IV is Dilan Yeşilgöz-Zegerius (VVD) de minister fan Justysje en Feiligens. Franc Weerwind (D66) is minister foar Rjochtsbeskerming, Eric van der Burg (VVD) de steatssikretaris.

Keppeling om utens bewurkje seksje