Hendrikus Wilhelmus Maria (Dick) Schoof (Santpoort, 8 maart 1957) is in Nederlânsk politikus. Hy is partijleas.

Dick Schoof
Dick Schoof (2024)
Dick Schoof (2024)
Algemien
Folsleine namme Hendrikus Wilhelmus Maria Schoof
Berne 8 maart 1957[1]
Berteplak Santpoort[1]
Funksje Minister-presidint fan Nederlân
Sûnt 2 july 2024
Partij PvdA (oant 2021)
Partijleas
Religy Roomsk-katolyk
Titels drs.
Politike funksjes
2013-2018 Nasjonaal Koördinator Terrorismebestriding en Feiligens
2018-2020 Direkteur-generaal fan de Algemiene Ynljochtinge- en Feliigenstsjinst
2020-2024 Sekretaris-generaal fan it ministearje fan Justysje en Feiligens
2024-no minister-presidint
Minister fan Algemiene Saken

Sûnt 2 july 2024 is er minister-presidint fan Nederlân en minister fan Algemiene Saken. Op 2 july 2024 waard syn kabinet-Schoof beëdige. Oant en mei 28 maaie 2024 wie er sekretaris-generaal fan it ministearje fan Justysje en Feiligens. Earder wie er direkteur-generaal fan de Algemiene Ynljochtings- en Feilichheidstsjinst (Algemene Inlichtingen- en Veiligheidsdienst, AIVD) en Nasjonaal Koördinator Terrorismebestriding en Feiligens (Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid NCTV).

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Schoof waard berne yn Santpoort[1] en groeide fan syn achtste ôf op in Hengelo.[2] Hy is de op ien nei jongste út in katolike húshâlding mei sân bern.[2] Syn tsien jier âldere broer Nico Schoof is âld-boargemaster.[1]

Fan 1969 oant 1975 folge Schoof it vwo op it R.K. Lyseum De Grundel yn Hengelo.[3][4] Hy studearre dêrnei fan 1975 oant 1982 planology oan de Katolike Universiteit Nimwegen. Hy wie lid fan de studinteroeiferiening Phocas, dêr't er yn 1979-1980 foarsitterian het 33ste bestjoer wie.[5]

Nei syn stúdzje waard er beliedsmeiwurker ûnderwiis by de Feriening fan Nederlânske Gemeenten (VNG). Yn 1988 stapte er oer nei it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW), dêr't er ferskate funksjes hie. Fan 1996 oant en mei 1999 wie er plakferfangend sekretaris-generaal fan it ministearje fan Justysje.

Fan 1999 oant 2003 wie er haaddirekteur fan de Ymmigraasje en Naturalisaasjetsjinst (IND) en oan 'e ein fan dat tiidrek waard er boppedat projekt-direkteur-generaal Frjemdlingewet 2000. Dêrnei waard er direkteur-generaal Iepenbier oarder en Feiligens (DGOOV) by it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK), dêr't er de oanset naam foar in Strategy Nasjonele Feiligens en it oanpakken fan it radikalisearjen nei himsels ta loek, itjinge winliken ta it mêd fan it ministearje fan Justysje hearde. Dêropta wie Schoof ynearsten ek tsjinstanner fan de yn 2004 ynstelde funksje fan nasjonaal Koördinator Terrorismebestriding (NCTb).[6]

Yn 2010 wie Schoof ien fan de arsjitekten fan it nije ministearje fan Feiligens en Justysje, dêr't er it direktoraat-generaal Feiligens fan it ministearje fa Ynlânske Saken yn opnommen waard en dat der njonken it Iepenbier Ministearje tenei ek de plysje by ynbegrepen wie.[6]

Yn 2013 waard Schoof beneamd ta Nasjonale Koördinator foar Terrorismebestriding en Feiligens (NCTV). Yn dy rol wie er ferantwurdlik foar it koördinearjen fan it Nederlânske belied op it mêd fan terrorismebestriding en it garandearjen fan de nasjonale feiligens. Hy hie dy posysje oant en mei 2018.

Fan 2018 oant 2020 wie Schoof de sekretaris-generaal by it Ministearje fan Justysje en Feiligens, de heechste amtnerlike funksje yn it ministearje.

Yn 2020 waard Dick Schoof beneamd ta direkteur fan de Algemiene Inljochtinge- en Feiligenstsjinst (AIVD), de Nederlânske ynljochtingetsjinst. Yn dy rol wie er ferantwurdlik foar it sammeljen en analyze fan ynformaasje dy't fan belang wie foar de nasjonale feiligens.

Minister-presidint

bewurkje seksje

By de kabinetsformaasjean 2023-'24 waard Schoof op 28 maaie 2024 troch de ûnderhanneljende partijen PVV, VVD, NSC en BBB foardroegen as minister-president.[7][8] Dat barde nei'tt Geert Wilders (PVV), partijlieder fan de grutste partij yn de Twadde Keamer, net genôch stipe krige om sels premier te wurden en earder PvdA-minister Ronald Plasterk him as premierskandidaat weromlutsen hie.[9][10]

Op 2 july 2024 waard Schoof beëdige as minister-president.[11]

Persoanlik libben

bewurkje seksje

Dick Schoof is bekend om syn stille en effisjinte wurkstyl. Hoewol't hy in publike figuer is yn syn funksjes, hat hy syn persoanlik libben fierhinne út de skynwerpers holden.

Schoof hat ferskate ûnderskiedingen krigen foar syn wurk op it mêd fan nasjonale feiligens en bestjoer.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Drs. H.W.M. (Dick) Schoof. Argivearre op 28 maaie 2024. Oproppen op 2024-05-302024-05-30.
  2. 2,0 2,1 Tobias den Hartog, Hanneke Keultjes en Elodie Verweij, Dick Donder en Lachende moordenaar: met Dick Schoof krijgt Nederland premier die stiekem best op Rutte lijkt. Het Parool (28 maaie 2024). Argivearre op 29 maaie 2024. Oproppen op 2024-05-282024-05-28.
  3. Jan Colijn en Patrick Holtkamp, De beoogd premier Dick Schoof en zijn Overijsselse roots (28 maaie 2024). Argivearre op 28 maaie 2024. Oproppen op 2024-05-302024-05-30.
  4. CV van premier Dick Schoof (28 maaie 2024). Oproppen op 2024-10-172024-10-17.
  5. Oud besturen. Argivearre op 28 maaie 2024. Oproppen op 2024-05-282024-05-28.
  6. 6,0 6,1 Paul H.A.M. Abels, Spionkoppen - Inlichtingenleiderschap in elf portretten. Utjouwerij Prometheus, Amsterdam (2 oktober 2020), pp. 284-303. ISBN 9789044645378. Argivearre op 2 oktober 2023. Oproppen op 30 maaie 2024.
  7. Topambtenaar Dick Schoof (ex-AIVD, ex-NCTV) kandidaat-premier (28 maaie 2024). Argivearre op 28 maaie 2024. Oproppen op 2024-05-282024-05-28.
  8. "Topambtenaar Dick Schoof is beoogd premier van rechts kabinet: veel ervaring met crises en dreigingen", Algemeen Dagblad, 28 maaie 2024. Argivearre op 28 maaie 2024.
  9. Wilders geeft premierschap op, partijleiders blijven in Kamer bij nieuw kabinet. nos.nl (13 maart 2024). Argivearre op 15 maaie 2024. Oproppen op 2024-05-282024-05-28.
  10. Plasterk trekt zich terug als premierskandidaat na berichten over integriteit. nu.nl. Argivearre op 23 maaie 2024. Oproppen op 2024-05-282024-05-28.
  11. "Ministers en staatssecretarissen kabinet-Schoof beëdigd", NOS, 2 july 2024. Oproppen op.
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dick Schoof fan Wikimedia Commons.
 
Ministers en steatssekretarissen yn it kabinet-Schoof (PVV, VVD, NSC en BBB)
Ministers Dick Schoof (MP/AZ) • Fleur Agema (FP/VWS) • Sophie Hermans (FP/KGGEddy van Hijum (FP/SZGMona Keijzer (FP/VRO) • Marjolein Faber (A&M) • Judith Uitermark (BZKReinette Klevers (BHO) • Caspar Veldkamp (BZ) • Ruben Brekelmans (Def) • Dirk Beljaarts (EZ) • Eelco Heinen (Fin) • Barry Madlener (IW) • David van Weel (JV) • Femke Wiersma (LVVN) • Eppo Bruins (OCW)
Steatssekretarissen Eddie van Marum (BZK) • Zsolt Szabó (BZK) • Gijs Tuinman (Def) • Nora Achahbar (Fin) • Tjebbe van Oostenbruggen (Fin) • Chris Jansen (IW) • Ingrid Coenradie (JV) • Teun Struycken (JV) • Jean Rummenie (LVVN) • Mariëlle Paul (OCW) • Jurgen Nobel (OCW) • Vincent Karremans (SZW) • Vicky Maeijer (VWS)
Opstapt as steatssekretaris Folkert Idsinga wizigje