BoerBoargerBeweging
De BoerBoargerBeweging (offisjeel BoerBurgerBeweging) in Nederlânske politike partij. Wichtige spearpunten fan de BBB binne it plattelân en de agraryske sektor.
BoerBoargerBeweging | |
Ofkoarting | BBB |
Partijlieder | Caroline van der Plas |
Partijfoarsitter | Erik Stegink |
Fraksjelieder Twadde Keamer |
Caroline van der Plas |
Fraksjelieder Earste Keamer |
Ilona Lagas |
Delegaasjelieder Europeesk Parlemint |
Sander Smit |
Sitten yn Twadde Keamer |
|
Sitten yn Earste Keamer |
|
Sitten yn Provinsjale Steaten |
|
Sitten yn Europeesk Parlemint |
|
Oprjochte | 1 novimber 2019 |
Rjochting | Sintrum rjochts |
Ledetal | 10.822 (1 jannewaris 2023) |
Jongereinorganisaasje | BBB Jong |
Webstee | boerburgerbeweging.nl |
Stifting
bewurkje seksjeDe partij waard fuortendaliks nei de boereopskuor yn 2019 stifte. Under boeren wie der troch it belied fan it regear oangeande it miljeu en de maatregels foar de stikstofreduksje grutte ûnrêst ûnstien. Caroline van der Plas, Wim Groot Koerkamp en Henk Vermeer wiene de inisjatyfnimmers fan de stifting fan de partij, dy't himsels 'de stim fan it plattelân' neamt.
Stânpunten
bewurkje seksjeDe partij is fan betinken dat minsken yn 'e Rânestêd troch te min kontakten mei it bûtengebiet en iensidige ynformaasje fan 'e media in negatyf byld krije fan 'e agraryske sektor. De BBB wol mei dy negative byldfoarming de striid oanbine en dúdlik meitsje dat duorsumens, miljeu en in goede behanneling fan fee ek yn de agraryske sektor wichtige tema's binne. Dêrnjonken wol de BBB mear omtinken foar de boargers bûten de Rânestêd, dy't harren net mear yn it belied fan 'e Ryksoerheid werkenne.[1]
De partij wol de belangen fan de bewenners op it plattelân, de fiskers, de túnkers en de agraryske sektor fertsjintwurdigje en fynt dat de hjoeddeiske polityk "der net yn slagget om in duorsume fisy te meitsjen foar de ûntwikkeling en it behâld fan it plattelân mei syn unike skaaimerken, tradysjes, libbenswize en kultuerlânskip".
Ideology
bewurkje seksjeDe partij hat net in klassike lofts of rjochts oriïntearre ideology. Foar guon dy't dat al wolle is it net altiten maklik om de partij in plak te jaan yn it politike spektrum. It opkommen foar it bedriuwsbelang fan boeren soe wize kinne op in rjochtse orïntaasje, mar it ferset tsjin it opofferjen fan de griene romte foar yndustry, sinneparken, nije diken ensafuorthinne wize in oare kant út.
It jout Van der Plas wolris argewaasje dat har plak yn 'e Twadde Keamer foar guon automatysk betsjut dat hja it altiten iens is mei de partijen dêr't hja tusken sit. Yn it ramt fan in debat oer bettere omgongsfoarmen yn de Twadde Keamer en de polarisaasje dêr, die Caroline van der Plas in oprop om de keamerleden tenei net mear neffens in lofts/rjochtsferdieling fan fraksjes yn te dielen. Van der Plas pleite om, lykas yn Iislân, de keamerleden troch inoar te mingen; dus bygelyks konservatyf njonken progressyf. Minsken mei deselde ideeën yn fraksjes neffens politike oriïntaasje by inoar te setten neamde Van der Plas 'desastreus foar it ûnderlinge kollegiale gefoel'.[2]
Earste ferkiezings
bewurkje seksjeMei harren ferkiezingsprogramma "Gezond Verstand voor een Gezond Platteland" sette de BBB harren stânpunten foar de lannelike ferkiezings fan 2021 yn acht pylders útien: boaiem, planten, bisten, boeren, boargers, ekonomy, ûnderwiis, maatskippij.
Op 17 maart 2021 die de BBB foar it earst mei oan de lânsferkiezings. Van der Plas wie listlûker en mei 104.319 stimmen helle hja in sit yn de Twadde Keamer. De measte stimmen foar de partij wiene ôfkomstich fan it plattelân, fral yn Twinte en yn 'e Achterhoeke krige de BBB relatyf in soad stimmen.
De riedsferkiezings fan 2022 kamen foar in goede tarieding te ier foar de BBB. Foar de riedsferkiezings fan 2022 socht de BBB dêrom gearwurking mei lokale partijen, dy't har oanmelde koene as Bûnsgenoat fan de BBB. De lokale partij dy't dat docht ûnderskriuwt it lannelike programma en kin gearwurking sykje mei oare Bûnsmaten yn it lân om sa kennis en ûnderfining út te wikseljen. Sa wûnen de BBBûnsgenoaten meiïnoar 48 sitten yn 19 gemeenten. Lokale partijen ûnder it logo fan BBB wiene yn Fryslân "Kleurryk Fryske Marren" (KFM), dy't fan neat 9,5% fan de stimmen helle, en de "Folkspartij yn Nederlânsk Belang" yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân), dy't út neat wei 5,9% fan de stimmen krige. [3][4][5]
Yn 'e oan Fryslân grinzgjende gemeenten Midden-Drinte (GBMD) en it Westerkertier (VZ Westerkwartier) waarden de oan de BBB ferbûne lokale partijen sels de grutste partij.[6][7]
Nei't de VVD om it útbliuwen fan in oplossing foar de asylkrisis yn july 2023 de stekker út it kabinet Rutte IV luts en de BBB him opmeitsje moast foar nije parlemintsferkiezings, waard yn septimber 2023 bekend makke dat it eardere CDA-lid Mona Keijzer in oerstap makke hie nei de BBB en har as premier-kandidaat foar de partij opjûn hie. Yntusken wiene ek leden fan JA21 (Derk Jan Eppink en Nicki Pouw-Verweij) en de PVV (Lilian Helder) nei de BBB oerstapt. Dêrmei kaam noch foar de Twadde Keamerferkiezings 2023 it tal BBB-sitten yn 'e Twadde Keamer op fjouwer.[8]
Fertsjintwurdiging
bewurkje seksje- Earste Keamer
- 2023: 16 sitten
- Twadde Keamer
- 2021: 1 sit
- 2023: 7 sitten