Ministearje fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering

It ministearje fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering, ôfkoarte ta VRO (Volkshuisvesting en Ruimtelijke Ordening), is in Nederlânsk ministearje dat sûnt 2024 bestiet, en earder fan 1965 oant 1982 bestien hat.

Ministearje fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering
VRO
Ministearje fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering
algemien
lân flagge fan Nederlân Nederlân
adres Turfmarkt 147, De Haach
skiednis
oprjochting 14 april 1965
2 july 2024
funksjehâlders
minister Mona Keijzer
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-volkshuisvesting-en-ruimtelijke-ordening

It ministearje wie yn 1965 de opfolger fan it Mnistearje fan Folkshúsfêsting en Bouniverheid, en waard troch it kabinet-Cals ynsteld. Om oan te jaan hoe wichtich it mêd romtlike oardering fûn waard, waard besletten de namme yn dat beliedsmêd op te nimmen . Oare beliedsmêden wiene wentebou, wentesanearring, wenromteferdieling, stedsferijing, doarpsfernijing en it hierbelied. Na it taheakjen fan miljeubelied as beliedsmêd waard yn 1982 de namme oanpast en gie it ministearje fierder as Ministearje fan Folkshúsfêsting, Romtlike Oardering en Milieubehear (VROM). Yn 2010 waard dat ministearje opheft.

Yn 2022 kaam der yn it kabinet-Rutte IV in minister sûnder portefúlje foar Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering dy't by it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes ûnderbrocht waard. Yn 2024 trede it kabinet-Schoof oan en kaam it ministearje werom. Mona Keijzer waard de minister.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Nederlânske ministearjes  

Algemiene Saken (AZ) · Ministearje fan Asyl en Migraasje (A&M) · Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) · Bûtenlânske Saken (BZ) · Definsje (Def) · Ekonomyske Saken (EZ) · Finânsjes (Fin) · Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering (VRO) · Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) · Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) · Justysje en Feiligens (J&V) · Klimaat en Griene Groei (KGG) Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer (LVVN) · Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) · Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW)

  ·   ·