Minister sûnder portefúlje
In minister sûnder portefúlje is in minister sûnder omskreaune ferantwurdlikheden of in minister dy't net as haad fan in beskate ministearje stiet.
Yn Nederlân is in minister sûnder portefúlje ferantwurdlik foar in beskaat beliedsmêd, dochs hat net de lieding oer dat departemint. Ministers sûnder portefúlje hawwe, oars as steatssekretarissen, in sit yn de Nederlânske ministerrie en kinne dan ek meistimme oer alle beslissings. It beneamen fan in minister foar in beskaat beliedsmêd betsjut dat dat ûnderwerp op dat stuit wichtich is. Ministers dy't oan 'e haad steane oer in ministearje wurde oantsjut as "minister fan ....", wylst ministers sûnder portefúlje oantsjut wurde as "minister foar ...."
Ministers sûnder portefúlje yn it kabinet-Rutte IV:
- De minister foar Armoedebeheining, Partisipaasjee en Pensjoenen, ûnder Sosjale Saken en Wurkgelegenheid: Carola Schouten
- De minister foar Lange Soarch en Sport, ûnder Folkssûnens, Wolwêzen en Sport: Conny Helder
- De minister foarr Folkshûsfêsting en Romtlike Oardering, ûnder Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes: Hugo de Jonge
- De minister foar Klimaat en Enerzjy: ûnder Ekonomyske saken en Klimaat: Rob Jetten
- De minister foar Natoer en Stikstof: ûnder Lânbou, Natoer en Itenskwaliteit: Christianne van der Wal-Zeggelink
- De minister foar Rjochtsbeskerming: ûnder Justysje en Feiligens: Franc Weerwind
- De minister foar Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking: ûnder Bûtenlânske Saken: Liesje Schreinemacher
- De minister foar Primêr en Fuortset Underwiis: ûnder Underwiis, Kultuer en Wittenskip: Dennis Wiersma
Oant it kommen fan steatssekretarissen yn 1948, waarden ministers sûnder portefúlje oansteld en stypje ministers mei in dreech departemint. Dy taak waard oernommen troch de steatssekretarissen. Ek binne der yn it ferline wolris ministers sûnder portefúlje oansteld, dy't as gesachhawwend persoan de belangen fan Nederlân by ynternasjonale ûnderhannelings goed fertsjintwurdigje koene.