Pia Dijkstra
Pietje Aafke (Pia) Dijkstra (Frjentsjer, 9 desimber 1954) is in Nederlânsk telefyzjemakster, sjoernaliste, presintatrise en earder Twadde Keamerlid foar D66 (2010-2021). Fan 2 febrewaris oant 2 july 2024 wie sy demisjonêr minister fan Medyske Soarch yn it kabinet-Rutte IV.
Pia Dijkstra | ||
Algemien | ||
Folsleine namme | Pietje Afke Dijkstra | |
Berne | 9 desimber 1954 | |
Berteplak | Frjentsjer | |
Partij | D66 | |
Religy | frijsinnich-protestantsk | |
Politike funksjes | ||
2010-2021 | Lid Twadde Keamer | |
2024-no | Minister foar Medyske Soarch |
Libbensrin
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeHja waard berne yn Frjentsjer as dochter fan in menniste ûnderwizer. Sy gie earst nei skoalle yn Tytsjerk en ferhuze as beuker nei Snits. Nei it Stedsk Gymnasium Ljouwert ferfart Pia Dijkstra nei Amsterdam om teology te studearjen.
Radio en tillefyzje
bewurkje seksjeYn 1978 feroaret har libben troch it tafallige moetsjen fan YKON-meidogger Jan Stroes. Sy giet oan 't wurk by de IKON as foarljochtster, radiomeiwurker en regisseur fan tsjerketsjinsten en arbeidet dêr seis jier.
Yn 1984 gie sy oer nei de Wrâldomrop dêr't hja programmamakker en presintatrise is. Twa jier letter gie se nei Hier & Nu Radio fan de NCRV en yn 1988 waard se ien fan de fêste nijslêzers fan it NOS Sjoernaal. Op 14 july 2000 presintearret se foar it lêst it NOS-sjoernaal. Yn oktober fan itselde jier stapte se oer nei de AVRO om foar dy omrop Hoe Bevalt Nederland, Tien Lastige Vragen, Studio 2 (in gearwurkingsprogramma fan omroppen dy't op Nederlân 2 útstjoere), Vinger aan de Pols en Eén Vandaag te bringen.
Polityk
bewurkje seksjePia Dijkstra stie op it 13e plak fan de gadingmakkerslist fan D66 foar de Twadde Keamerferkiezingen fan 2010 en krige mei 15.705 foarkarstimmen keazen, mei mar 11 stimmen oer de kiesdrompel, dochs noch in Keamersit. Yn 2012 stie se op de njoggende plak fan de gadingmakkerslist en waard se keazen mei 24.886 foarkarstimmen. Yn 2017 stie se op de fjirde plak en waard se fannijs keazen mei wol 120.5557 foarkarstimmen.
Pia Dijkstra wie wurdfierder Folkssûnens, Wolwêzen, Sport en Emansipaasje. Hja rêde ûnder oaren in fûns dat de akseptaasje fan homoseksualiteit ûnder de âlderein yn fersoargingshûzen oanmoediget. Ek tsjinne se mank mei Boris van der Ham in moasje yn en jou in ferplichte foarljochting oer homoseksualiteit op alle skoallen. Op 8 april 2008 waard Pia Dijkstra foarsitter fan de Taskforce DeeltijdPlus, dy't fanwegen wurkjouwers, wurknimmers en oerheid froulju mei in dielbaan oantrune moast om langer te arbeidzjen. Sûnt desimber 2012 wurdt dy moasje útfierd. Op 11 juny 2013 waard har inisjatyfwetsfoarstel mei kollega-Keamerlid Gerard Schouw fan D66 en nim gjin nije gewissebeswiere trou-amtners oan, oannommen.
Op 22 septimber 2020 makke se buorkundich dat se net gadingmakker wêze soe by de folgjende Twadde Keamerferkiezings. By har ôfskie op 30 maart 2021 waard se beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Mei yngong fan 2 febrewaris 2024 waard se demisjonêr minister foar Medyske Soarch en ferfong dêrmei Ernst Kuipers. Op 2 july 2024 hold se op as minister doe't it kabinet-Schoof begûn.
Orgaandonaasje en eutanasy
bewurkje seksjeDijkstra pleite as Keamerlid foar automatyske donorregistraasje (it net-beswiersysteem) en it tastean fan it kweken fan minsklike embryo's foar wittenskiplike doelen en benammen foar medyske eksperiminten. Op 13 setimber 2016 stimde de Twadde Keamer mei de lytst mooglike mearderheid yn mei in plan fan Dijkstra foar atomatyske registraasje fan orgaandonors, mei útsûndering as dêr beswier tsjin betsjinne waard. By dy stimming wiene 75 kemaerleden foar en 74 tsjin. Op 6 april 2019 hat de Hoarnflues Pasjinteferiening by de 14e Nasjonale Hoarnfluesdei de Hennie Völker-Dieben Award oan Dijkstra útrikt. Mei it takennen fan dy útrikking sprekt de Hoarnflies Pasjinteferiening syn wurdearring út foar frou Dijkstra har warberens en fergrutsje it tal donors fan organen en weefsels.
Yn 2019 kaam Dijkstra mei it plan "Weardich Libbensein" om it foarinoar te krijen dat help by selsdeadzjen fan âlderein fan 75 jier ôf "ûnder betingst" mooglik wurdt. Alderein dêr't it ûndraachlik lijen net mear better by wurde, mar dochs net slim siik binne, soene har dan yn 'e takomst melde kinne moatte by in spesjaa oplate helpferliener: de libbenseinbegelieder. Dy moat yn in tiidrek fan in pear moanne fêststelle as in âldere wier sels foar eutanasy kiest. Y jannewaris 2020 soe dat plan yntsjinne wurde by de Twadde Keamer, mar waard doe troch de koronakrisis útsteld.
Oranjehotel
bewurkje seksjeYn jannewaris 2022 folge se Dineke Mulock op as foarsitter fan Stifting Nasjonaal Monumint Oranjehotel.
Privee
bewurkje seksjePia Dijkstra wennet yn Utert en is troud mei Gerlach Cerfontaine. Hja hat twa soannen mei him. Earder wie se troud west mei de IKON-telefyzjemakker Barend de Ronde, dêr't se ien soan mei krige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|