Aukje de Vries
Aukje de Vries (Ljouwert, 21 oktober 1964) is in Nederlânsk politikus.
De Vries gie nei it gymnasium yn Ljouwert en studearre dêrnei ûnder oaren ekonomyske geografy oan de Ryksuniversiteit Grins.
Fan 2002-2011 wie hja lid fan de gemeenteried Ljouwert en yn 2011-2012 lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Se wie fan 8 novimber 2012 oant 10 jannewaris 2022 lid fan de Twadde Keamer út namme fan de VVD. Fan 2006 oant 2010 wie De Vries ek lid fan de kommissy wurk en ynkommen fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG).
Sûnt 10 jannewaris 2022 is se steatssekretaris fan Finânsjes yn it kabinet-Rutte IV.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |