Minister foar Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingshelp

De minister foar Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingshelp is in Nederlânske minister sûnder portefúlje dy't by it ministearje fan Bûtenlânske Saken ûnderbrocht is.

Doe't it kabinet-Cals yn 1965 foarme waard, waard it ministerskip foar Help oan Untwikkelingslannen skepen. Theo Bot wie de earste amtsdrager. By de formaasje fan it kabinet-Biesheuvel I yn 1971 waard de namme ta minister foar Untwikkelingsgearwurkin feroare. De minister waard, en wurdt hjoed-de-dei, ûnderstipe troch in eigen ûnderdiel op it ministearje fan Bûtenlânske saken: it direktoraat-generaal foar Ynternasjonale Gearwurking (DGIS).

Yn it kabinet-Balkenende I (2002-2003) en kabinet-Rutte I (2010-2012) waard it omtinkensmêd tawiisd oan de steatssekretaris.

By de formaasje fan it kabinet-Rutte II yn 2012 waard it omtinkensmêd Bûtenlânske Hannel, dat earder ûnder it ministearje fan Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje foel, oan dy minister tabetroud. De namme waard feroare yn minister foar Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking.

By de formaasje fan it kabinet-Schoof yn 2024 waard de namme feroare yn minister foar Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingshelp.