Christianne van der Wal
Christianne van der Wal-Zeggelink (Oldenzaal, 13 novimber 1973 is in Nederlânsk politika fan de VVD en is sûnt 10 jannewaris 2022 minister foar Natoer en Stikstof yn it kabinet-Rutte IV. Dêrfoar, sûnt 25 novimber 2017 wie se partijfoarsitter fan de VVD. Ek wie se sûnt 2019 deputearre fan de provinsje Gelderlân en earder wie se wethâlder en gemeenteriedslid yn Harderwyk.
Christianne van der Wal-Zeggerink | ||
Algemien | ||
Berne | 13 novimber 1973 | |
Berteplak | Oldenzaal | |
Partij | VVD | |
Politike funksjes | ||
2010-2014 | Gemeenteriedslid yn Harderwyk | |
2014-2019 | Wethâlder yn Harderwyk | |
2017-2022 | Lanlik partijfoarsitter VVD | |
2019-2022 | Deputearre yn Gelderlân | |
2022-2024 | Minister foar Natoer en Stikstof |
Jonkheid en oplieding
bewurkje seksjeVan der Wal waard berne as Christianne Zeggelink yn Oldenzaal en komt út in frijsinnich-kristlike húshâlding. Hja hat noch in jongere suster. Doe't se twa jier âld wie ferhuze de húshâlding nei it Noardhollânske Castricum. Dêr gie se nei de leger skoalle en nei de skoalle foar it fuortset ûnderwiis. Hja die har eineksamen oan de havo. Har mem wie wurksum yn it sikehûs as haad fan de röntgenôfdieling.
Fan 1993 oant 1997 studearre Van der Wal facility management oan de Hegeskoalle Hollân yn Diemen en sette se har nei wenjen yn Amsterdam. Nei har stúdzje kearde se mei har man werom nei Castricum. Omreden it bedriuw fan har man binne se mear midden yn it lân wenjen gien, yn Hierden by Harderwyk. Fan 1997 oant 2010 wie se projektlieder by ferskate organisaasjes en bedriuwen. Ek krige se yn 2002 hbu-graad yn les jaan. Fan 2000 oant 2003 wie se hbu-dosint projektmanagement op de Hegeskoalle Inholland.
Politike karriêre
bewurkje seksjeVan der Wal wie fan 2014 oant 2019 wethâlder yn Harderwyk, dêr't se al earder gemeenteriedslid fan wie. Hja hie de portefúljes ekonomyske saken, wurkgelegenheid, rekreaasje, toerisme en sport. Op 25 novimber 2017 waard se op it partijkongres keazen ta de lanlike partijfoarsitter fan de VVD as opfolger foar waarnimmend foarsitter Eric Wetzels. Op 5 juny 2019 waard se oansteld as deputearre yn de provinsje Gelderlân. Dêr hie se de portefúljes ekonomyske saken en ynnovaasje, mobiliteit en loftfeart, gebietsaginda Gelderske korridor en Fruitdelta, Rvierelân.
Minister foar Natoer en Stikstof
bewurkje seksjeOp 10 jannewaris 2022 waard se minister sûnder portefúlje yn it kabinet-Rutte IV, mei de titel minister foar Natoer en Stikstof, in nije post ûnder it ministearje fan Lânbou, Natoer en Itenskwaliteit mei de opdracht út it koalysjeakkoard ta in fermindering fan 50% fan it útstjitten fan stikstof yn Nederlân. Op 10 juny 2022 presintearre Van der Wal in kaart fan Nederlân mei dêrop it gebiet te heljen stikstofreduksje, dêr't benammen de lânbou ferminderje moat. Dêrop ûntstie der in soad ferbjustering en argewaasje. Dat late ta nije boereprotesten en deselde jûns kamen boeren mei trekkers nei har wente te protestearjen. Hja hat mei harren in heal oere yn petear west.
Privee
bewurkje seksjeVan der Wal is boaske en hat tegearre mei har man fjouwer bern.