Siebe Riedstra (Appelskea, 11 febrewaris 1955) is in Nederlânsk topamtner fan Frysk komôf. Hy is sûnt 1 juny 2021 sekretaris-generaal fan it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport. Sûnt april 2020 is er lid fan de amtlike advysgroep ABD TOP Consult.[1]

Siebe Riedstra
Algemien
Folsleine namme Siebe Riedstra
Berne 11 febrewaris 1955
Berteplak Appelskea
Titels drs.
Politike funksjes
2005-2008 Direkteur-generaal Persoaneferfier
2008-2009 Direkteur-generaal Mobiliteit
2009-2010 Sekretaris-generaal fan it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat
2010-2015 Sekretaris-generaal fan it Ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu
2015-2020 Sekretaris-generaal fan it Ministearje fan Justysje en Feiligens
2020-no Direkteur ABD TOPConsult
2021-no Sekretaris-generaal fan it Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport

Libben en wurk

bewurkje seksje

Riedstra studearre fan 1972 oant 1981 politikology oan 'e Frije Universiteit Amsterdam. Hy spesjalisearre him yn ynternasjonale relaasjes. Dêrnei joech er les oan twaddegraads learare-oplieding sûnenskunde yn Utert en in oplieding âldereinwolwêzenswurk yn De Haach oan in hbû-ynstelling. Fan 1986 oant 1993 hie er ferskate funksjes by it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. Yn 1993 ferfear Riedstra nei it ministearje fan Ferkear en Wettersteat. Oant 1999 wie er belutsen by marktregulearrings-ûnderwerpen yn 'e publike ferfiersektor. Hy wie ek belutsen by de liberalisearring fan taksytsjinsten, de desintralisaasje en marktwurkingsprosessen yn steds- en streekferfier en by it ûntfrisseljen fan it spoarferfier. Yn de 1980-er jierren dêrnei wie Riedstra warber op it mêd fan frachtferfier. De romtlike aspekten van frachtferfier, de ûntwikkeling fan 'e Nederlânske havens en it foarmjen fan besluten oangeande de ûntwikkeling fan de Twadde Maasflakte. Yn 2002-2005 koördinearre er by Ferkear en Wettersteat it romtlike ûntwikkelingsbelied en de bydrage oan 'e Nota Romte.

Fan 2005 ôf wie Riedstra as direkteur-generaal Persoaneferfier en letter direkteur-generaal Mobiliteit, ferantwurdlik foar ûnderwerpen as Oars betelje foar Mobiliteit, it waaksen fan it spoarferfier, prioritêre dikeprojekten, regionaal iepenbier ferfier, spoaryinfrastruktuerprojekten en it Urginsjeprogramma Rânestêd.

Fan 2009 oant 2015 wie er sekretaris-generaal fan it ministearje fan Ferkear en Wettersteat, dat yn 2010 mei it ministearje fan VROM ta it ministearje fan Ynfrastruktuer en Milieu fusearre. Dêr waard er de earste sekretaris-generaal fan.

Fan 15 juny 2015 oant en mei 1 april 2020 wie er sekretaris-generaal fan it ministearje fan Feiligens en Justysje, by it foarmjen fan it kabinet-Rutte III omneamd ta it ministearje van Justysje en Feiligens. Yn april 2020 makke er de oerstap nei it advysburo TOP Consult, in ûnerdiel fan de Algemiene Bestjoerstsjinst fan it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.[2] Op 26 april 2021 waard buorkundich makke dat Riedstra mei yngong fan 1 juny dat jiers beneamd waard ta sekretaris-generaal ad interim fan it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport.[3]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) Ministearje fan Algemiene Saken, [ Secretaris-generaal Justitie en Veiligheid Siebe Riedstra naar ABD Topconsult - Nieuwsbericht - Rijksoverheid.nl]. www.rijksoverheid.nl (28 novimber 2019). Argivearre op 14 jannewaris 2020. Oproppen op 2020-05-012020-05-01.
  2. Topambtenaar Justitie vertrekt De Telegraaf d.d. 28 novimber 2019
  3. [ Siebe Riedstra interim-secretaris-generaal VWS]. Rijksoverheid.nl (26 april 2021). Argivearre op 26 april 2021. Oproppen op 2021-04-262021-04-26.