Appelskea
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Eaststellingwerf | ||||
Ynwennertal (2011) | 4.768↓ | ||||
Webstee | http://www.appelscha.nl |
Appelskea (Nederlânsk: Appelscha; Stellingwerfsk: Appelsche) is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf. It leit oan de noardkant fan it Drintsk-Fryske Wâld. Appelskea hat 5.123 ynwenners (1 jannewaris 2009). Ta de himrik fan Appelskea heart ek Aakinga.

SkiednisBewurkje
Appelskea wurdt foar it earst yn 1247 as Appels fermelden yn de boeken fan it Aartsbisdom Utert. It bestie iuwenlang út in pear boerespultsjes om de Boerestreek (wat eartiids Heech-Appelskea hiet), en de buorskippen Aakinga, Terwisscha en De Bult. It esdoarp lei ynsluten tusken drûge sânige heide en wiet fean, doe noch de Appelskeaster- en Fochteler feanen neamd. Om 1450 waarden leidiken oanlein om it soere lekwetter út it fean by de ikkers te kearen. It âlde Appelskea hat in soad lêst hân it stowende sân út de dunen. Yn 1881 waard dêrom in begjin makke mei de oanlis fan de bosken.
Nei 1827 wreidet it doarp mei de komst fan tûzenen Fryske arbeiders foar de turfwinning út, en ûntstiet it hjoeddeiske doarp. De sosjale omstannichheden binne lykwols poermin., en tsjin de tiid dat turf folle minder opbringt as stienkoal brekt yn 1888 ûnder de feanarbeiders in grutte staking út. Dit is it begjin fan organisearre stakings yn Nederlân. Troch dizze grutte Fryske ymmigraasje yn de 19e iuw is Appelskea in Frysktalich doarp wurden yn in gemeente dêr't fierders Stellingwerfsk sprutsen wurdt.
Omjouwing en toerismeBewurkje
It doarp leit oan de râne fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. Ek de Opsterlânske Kompanjonsfeart (as ûnderdiel fan de Turfrûte), en de attraksjeparken Duinenzathe en Miniatuerpark Appelskea lûke yn de simmermoannen in soad minsken. Yn de omkriten fan Appelskea komme pingoruïnes foar.
SanatoariumBewurkje
Earder kamen in soad TBC-pasjinten nei de sûne bosken fan Appelskea. In soad minsken hawwe der noch herinneringen oan. Fan it eardere sanatoarium Beatrixoard is allinnich noch de röntgenôfdieling oer. Dizze is nu ynrjochte as it ienige tuberkuloazemuseum yn 'e wrâld.
HeksenopliedingBewurkje
Fierders hat Appelskea foar sfier bekend de ienige heksenoplieding yn Nederlân. Heks Margarita fan Rongen fersoarget de oplieding. Yn septimber 2005 kaam dizze oplieding yn it nijs omdat de Belestingtsjinst de kosten foar de ienjierrige oplieding ôflûkber achtet. It hat lieden ta Keamerfragen.
FerskaatBewurkje
- Bûten Appelskea leit it besikerssintrum Drintsk-Fryske Wâld fan Steatsboskbehear.
- Op it tsjerkhôf stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.
- Yn Appelskea binne sûnt 1933 de Pinksterlândagen, in jierliks anargistysk festival.
- Yn 1994 dûkte in frij ûnskealik kompjûterfirus op, dat de namme Appelskea krige troch ynterne tekenrige Appelskea.
- It Kôkmuseum De Flear yn Appelskea waard jannewaris 2007 nominearre foar de Jeropeeske Euro-Toques priis. It museum gie 2009 lykwols ticht.
MienskipBewurkje
Oan de Brêgeleane stiet Sosjaal Kultureel Sintrum Harambe. Der binne meardere buertferienings: De Compagnons, de Smidsleane, It Steegdenkertier en Rond de Draai.
BefolkingBewurkje
FerieningsBewurkje
- Muzykgroep Ravenswâld
- De Aovendpraoters - toaniel
- Kr. Eaststellingwerfs Manljuskoar
- Dûnsgroep Nea ûs Nocht
- Wrâlddûnsgroep Harambe
- Stichting Turffeartdagen Appelskea
- Museum de Heksehoeve
- Histoaryske feriening Appelskea
IepenloftteaterBewurkje
It iepenloftteater efter de Boskberch wie yn de fyftiger en sechtiger jierren in grutte attraksje. Hjir wienen eartiids Rudi Carel, Pipo de Clown, Swiebertje, Bueno de Mesquita en de doe krekt begjinnende André van Duin te sjen. Yn 1987 moast it teater ticht om de hege kosten. Sûnt 2003 hawwe frijwilligers en de Histoaryske feriening it teater renovearre. Der binne no mear as 500 sitplakken, in regykeamer en in gebou foar de catering.
Berne yn AppelskeaBewurkje
- Dr. Anne Vondeling ( 2 maart 1916 - 22 novimber 1979 ), PvdA-politikus en minister fan Finânsjes yn it Nederlânske kabinet-Cals en Twadde Keamerfoarsitter.
- Jan Herder (1889-1978), boer, timmerman, communist, politicus en publicist
- Dragan Bakema - 12 maaie 1980), akteur
StrjittenBewurkje
Alle strjitten yn Appelskea.
Iepenbier ferfierBewurkje
Line fan ferfierder Qbuzz:
- Line 15: It Hearrenfean - Aldskoat - Mildaam - Ketlik - Nijhoarne - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Jobbegea - Hoarnstersweach - Donkerbroek - Easterwâlde - Appelskea - Smilde - Bovensmilde - Assen
- Line 16: Assen - Bovensmilde - Smilde - Appelskea - Easterwâlde - Makkingea - Nijeberkeap - Aldeberkeap - Aldeholtpea - Wolvegea
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Haadplak: Easterwâlde | |
Doarpen en útbuorrens: Aldeberkeap • Appelskea • Donkerbroek • Elslo • De Fochtel • De Haule • Haulerwyk • Langedike • Makkingea • Nijeberkeap • Ravenswâld • Waskemar | |
Buorskippen: Aakingea • Alde Willem (foar in part) • Bekhof • Bentemaden • Boekhorst • Boppefjild • Bûteheidefjild • Buttingea • Deddingabuert • Ellebooch • Egypte • Feanebuorren • Feanekoaten • Frankryk • Hegeduerswâld • It Hegesân • Janssenstifting • Kanada • Klazingea • Kninebuert • De Knolle • De Kolannen • Koudenburch • Legeduerswâld • Medhuzen • De Monden (foar in part) • Moskou (foar in part) • Nanninga • Nije Feart • Petersburch (foar in part) • Prandingea • De Riete • Rolpeal • Skottelenburch • Skrappingea • Súdhoarne • Terwisscha • Trije Tolhikken • Tronde • Twitel • De Weper • Weperpolder • Willemstêd |