Strjitten yn Appelskea

Wikimedia-list

De Strjitten yn Appelskea:

Boerestreek

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

  • Aekingawei - nei it buorskip/streekje Aekinga ûnder de treftsjerke. It is jonger as de Boerestreek en nei alle gedachten ûntstien út in partikuliere delsetting. Aekinga komt grif fan de persoansnamme Aeke. It lei tsjin de Drintske grins.
  • Aenboomsteegde - Steegde is in âlde beneaming foar sânpaden dy't fan de Brink (No Boerestreek) ôf nei de leger lizzende greiden rinne. Aenboom komt fan aanboom, eat as mei de beammen fêsthâlde: wezebeam. De ôftakking nei De Fochtel waard Aanboomsteegde neamd.
  • Alde Willem - âlde namme. Neffens sizzen soe hjir earst in Alde Willem oan wenne hawwe.
  • Alkenhaer - neamd nei in stik lân. De namme alk as swimfûgel is net goed te ferklearjen. It soe wêze kinne dat de l ferkeard lêzen is en dat it Aekenhaar west hat. Oer de Wester Es rûn in ferbiningswei tusken Boerestreek en Aekinge mei de namme hearewei. Dit wie gjin trochgeande wei. Heere is in Stellingwerfsk wurd yn de Fryske betsjutting fan hier. Heerewei betsjut dus oer de hier.
  • Alle Wijtzeswei - Alle Wijtzes van der Sluis hie in soad ynfloed yn de feanterij.
  • Anne Vondelingstrjitte - Anne Vondeling wie in politikus dy't op 2 maart yn Appelskea berne waard. Hy wie ûnder mear fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer foar de PvdA, dêr't er letter foarsitter fan waard. Hy wie ek lid fan it Europeesk Parlemint. Op 22 novimber 1979 is hy ferûngelokke yn Mechelen. Syn urne is bysetten op it tsjekhôf fan Appelskea.
  • Beatrixoard - nei prinses Beatrix. Har namme komt fan it Latynske Beati dat 'seinige' of 'lokkige' betsjut.
  • Boerestreek - In fanâlds bekende streek dy't earst Heech Appelskea hiet. Doe't de earste feankoloanje ûntstie waard it Boerestreek neamd. De boerestreek bestie út 13 pleatsen en ien lei wat fierder noardeastlik yn it heechfeangebiet. Grûnen om de pleatsen waarden soalsteden neamd. De heidefjilden om Appelskea wienen ferdield yn in mienskiplik fjild dy't by de 14 oarspronklike pleatsen fan Heech-Appelskea hearden. Doe waard it it Appelskefjild, it Mandefjild of de 14 soalsteden neamd.
  • Boereveen -
  • Bosberch - Nei de hichte fan hast +20 meter (it heechste punt fan Eaststellingwerf). De dunen binne sûnt 1860-1862 bekend wurden. Bekend binne de saneamde Berchfeesten.
  • Boschlust -
  • Boskleane - waard yn 1910 oanlein as sânpaad lâns it wannelboskje fan de "Reservekas".
  • Boskweer - in weer is in sânpaad, dus in 'sânpaad nei de bosk'.
  • Bovensteegde - Sjoch Steegde. In paad dat nei it noarden ta rûn.
  • Brêgeleane - Waard yn 1818 al sa neamd. Yn 1989 einiget de wei wol by de brêge, mar dy hat der net altiten lein. Earst lei de brêge, earder "Flapbrêge" neamd tusken de hûsnummers Feart N.Z 14/16.
  • Brêgewyk - Nei de brêge oer de wyk. Yn 1865 is der in fêste brêge komd doe't de nije grintwei oanlein waard.
  • De Bult - in âlde streeknamme/buorskip dat yn 1685 al sa neamd waard.
  • De Garve - in garve is in bosk ôfmeande en gearbûne nôtskeaven.
  • De Garve A -
  • De Maden - healannen ten westen fan de Boerestreek
  • De Marsschen - betsjut sompich lân
  • De Roggeberg - wie earder in stripe lân op of by de skieding fan Drinte en Fryslân dêr't rogge ferhannele waard. Dizze strook grûn waard frijwaarre fan oarloch.
  • De Slegge - bopperin fan in streamke dat simmerdeis drûch kaam te lizzen.
  • De Valouwe - namme bestie grif al.
  • Domela Nieuwenhuisstrjitte - Domela Nieuwenhuis, sosjalistysk foaropman, spruts in soad yn Assen.
  • Drintskewei - wei nei Drinte ta.
  • Easterse Es - âlde streeknamme, dy't earder Efterwei hiet en letter Tsjerkhofsleane. By beswieren fan de oanwenjenden hjit it no Easterse Es.
  • Earste Wyk - in groeven kanaal foar de turfgraverij. De wei kaam njonken it kanaal te lizzen.
  • Feart Noardside - noardkant fan de feart.
  • Feart Súdside - súdkant fan de feart.
  • Grutte Leien - útgongen fan ien fan de 14 soalsteden. Dizze útgongen nei it fean yn 't Hegefean. Yn de Grutte Leyen lei it Efterlân of Kibbelfean. Sjoch ek Lytse Leyen.
  • Gruun -
  • Hildenberch - komt fan Hiddenberch en wie in âld buorskip.
  • Hoppesteegde - sjoch Steegde
  • Huissteegde - sjoch Steegde
  • Hulsthof - de krekete betsjutting is net bekend, mar faaks wie der in pleats dêr't in soad hulst groeide.
  • Yndustrywei - hjir steane in soad bedriuwen oan.
  • Kloksfean - wie in stik grûn noard fan de feart.
  • Kleasterwei - nei it kleaster "Waereld licht" dat ten westen fan Appelskea stien hawwe soe. It kleaster soe fan de premonstratinzer oarder west hawwe. Neffens de Grinslanner Almenak 1842 soe net Appelskea bedoeld wêze, mar Ter Apel.
  • Koele -
  • Kompanjonshaven - Nei it ôfbrutsen Kompanjonshotel yn 1986, dat neamd wie nei de kompanjons dy't de feanterij útfiere leiten.
  • Kompanjonswei - Nei de kompanjons dy't de feanterij by Appelskea yn hannen hienen.
  • Kornelis Joustrastrjitte - Kornelis Joustra wie it earste sosjalistyske riedslid yn de gemeente yn 1902. Letter ûnder mear earmmaster.
  • Laanakkers - wie in stik lân.
  • Lyclamastrjitte - Augustinus Lyclama à Nijholt. Augustinus State (1849) is der in oerbliuwsel fan. Dit hûs wie bedoeld ta tsjinste fan de Kommitearren foar it deistich behear. Yn 1855 waarden hjir ek de gearkomsten fan de kompanjons holden.
  • Lytse Leyen - Sjoch Grutte Leyen. Dit stik lân is lytser. Leyen binne stikken kultuergrûn út dalgrûn.
  • Maadsingel - in singel is in leantsje. Dit leantsje rûn troch de "maden" (mieden).
  • Marssteegde - Steegde is in âlde namme foar sânpaden dy't fan de Brink (no Boerstreek) nei de leger lizzende greiden rûnen.
  • Maurits van Eppeleane - Maurits van Eppe wie de lêste skiepharder yn Appelskea.
  • Meekhofsfean -
  • Mennewei - trekwei dêr't men hynders mende.
  • Mulderswei - de famylje Mulder hie op de hoeke Kleasterwei/Mulderswei in mole stean. De mole stie hjir oant 1899, letter ferhuze nei Appelskea Feart N.Z.
  • Nije Feart - wei njonken in letter groeven kanaal bylâns de Kompanjonsfeart.
  • Nijesteegde - sjoch Steegde.
  • Noarder Es -
  • P.J. Troelstrastrjitte - nei Pieter Jelles Troelstra dy't krektas Domela Nieuwenhuis sprekbeurten yn Appelskea hâlde. Hy hat ûnder oare ferdigening fierd fan trije foarmannen út de arbeidersbewegingfan Appersea nei in hongeroproer.
  • Paalakkers - namme fan in ikker dêre.
  • Riemsoard - Komt fan Riemsleat, in streamke dat winterdeis benoarden Appelskea rûn. Simmerdeis kaam it wolris drûch te stean.
  • Roegte -
  • Sanatoriumwei - wei nei it Frysk Folkssanatoarium dat op 18 augustus 1922 stifte waard.
  • Skieppedrift - in paadsje dat fan it doarp nei it boerefjild rûn. Doe't de Es letter nei it easten ûntgûn waard waard dit de Wiltingerwei. De Skieppedrift waard doe ferpleatst nei de wei fan Appelskea nei Diever.
  • Smidsleantsje - dit sânpaad waard yn de folksmûle al sa neamd omdat oan de feart in smid wenne.
  • Soalstede - Komt fan "de 14 soalsteden". Dit wienen grûnen súd fan de Boerestreek. Eigeners fan de pleatsen hienen it rjocht om te kiezen of keazen te wurden.
  • Steegde - âlde namme foar sânpaden dy't fan de Brink (no Boerestreek) nei de leger lizzende greiden rûnen.
  • Sânikkers -
  • Suder Es - âlde streeknamme.
  • Swaai -
  • Terwisscha - nei it buorskip Terwisscha. Ter Wisga wie ek in famyljenamme (± 1581)
  • Teunis Geessienwei - Teunis Geessien wie in âlde feangraver.
  • Tilgrupswei - in tille is in daam, wetterkearing of slûske. In grup is in Stelllingwerver namme foar in sleatsje (fgl. groppe)
  • Tolhiksleane - Oan de Feart ZZ hat ter hichte fan de tolhiksleane en tol stien. Dit tol is der komd by de oanlis fan dizze nije wei en wie foar 2/3 eigendom fan de gemeente Eaststellingwerf en foar 1/3 fan de gemeente Smilde. Beide gemeentes hawwe bydroegen yn de tastânkomming fan dit tol. Yn maaie 1866 waard foar it earst tol heft. Earste tolgarder wie Jan Reinders, dy't as bynamme "Jan Roede" hie.
  • Toogwyk - de tredde wyk waard eartiids sa neamd.
  • Tsjerkefean - ien fan útgongen fan de 14 soalsteden. Dizzen kamen út yn it fean. Sjoch ek Grutte- en Lytse Leyen.
  • Van Emstplein - nei fersetsman en riedslid M. van Emst.
  • Van Emstwei - N. van Emst waard fermoarde yn de Twadde Wrâldoarloch.
  • Wester Es - âlde streeknamme.
  • Willemstad - âlde streeknamme, tredde delsetting (± 1700). De earste bewenner wie Willem de Wilde.
  • Wiltingerwei
    • Hendrik Wiltinge wie de earste besitter fan pleatsen nûmer 3 en 7. yn Heech-Appelskea (no Boerestreek) Willinge Maetie (Willinge Maad)= in stikje lân ten easten fan de es en it boerefjild.
    • Neamd nei in eardere abt út Ruinen dy't hjir grûnen en pleatsen hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hoe komen wij aan onze straatnamen - Gemeente Eaststellingwerf