Pingo
In pingo (Inuktitut foar "lytse hichte") is in bolfoarmige hichte dy't ûntstiet yn it gebiet mei permafrost wêr't de hydrostatyske druk fan befriezend grûnwetter soarget foar it opheffen fan in laach beferzen grûn.
De kearn fan in pingo, dy't bytiden kwalik lytser is as de totale pingo sels, bestiet út in linsfoarmich lichem fan suver iis. Pingo's wurde oant 90 meter heech mei in trochsneed fan soms mear as 2 kilometer en binne meastal rûn of aairûn fan foarm.
Tsjintwurdige pingo's komme foar yn kontinintale toendra's en meastentiids tusken 65 en 75 graden noarderbreedte.
Troch it skuorren fan de boppelaach wurdt de iislaach bleatsteld oan de sinne. Dan kin in krater of mar ûntstean.
Pingoruïne
bewurkje seksjeAs it klimaat waarmer wurdt, bygelyks oan 'e ein fan in iistiid, bliuwt fan in pingo in sirkelfoarmich mar of krater oer dy't pingoruïne neamd wurdt. In soad pingoruïnes wurde nei it teien fan it iis stadichoan opfold mei fean. Dit opfollen kin tûzenen jierren yn beslach nimme. Trochdat yn it wetter fan pingoruïnes in soad pollen en siedden fan planten teplak komme, wurdt yn it fean ynformaasje opslein oer de fegetaasje. Dy ynformaasje kin brûkt wurde om it klimaat dat by de opfolling hearske te rekonstruerjen. Om dizze reden binne pingoruïnes by kwartêrgeologen wakker yn trek als klimaatargiven. Pingoruïnes kinne datearre wurde troch bygelyks tefrogronology.
Pingo's yn Fryslân
bewurkje seksjeTen noardwesten fan de Burgumer Mar leinen wol tsientallen fan dizze pingoruïnes op de oergong fan de hegere sângrûnen nei de feangrûnen fan it Bútenfjild. De dêrfan oerbleaune dobben binne hast allegear natuerreservaten. Yn Nederlân komme pingoruïnes foar yn it grinsgebiet fan Grinslân, Fryslân en Drinte, rûchwei lizze yn de trijehoek Haulerwyk, De Westerein en Marum en yn de rest fan Drinte. Boppe-Smilde.
- Binnefliet by It Heechsân
- Stokersdobbe by Oerterp
- Pingo of petgat by Mildaam
Pingo's yn Nederlân
bewurkje seksjeIn Nederlân komme pingoruïnes foar yn it grinsgebiet fan Grinslân, Fryslân en Drinte, rûchwei lizze yn de trijehoek Haulerwyk, De Westerein en Marum en yn de rest fan Drinte. Boppe-Smilde.In prachtich eksimplaar is de Esmar tusken Feanhuzen en Ek de markes op de Kampsheide by Balloo en yn it Nije Fean yn Bruchterveld binne pingoruïnes. Ek de Uddelermar op de Feluwe is wierskynlik in pingoruïne.
In âlde namme foar pingoruïnes is gletsjerkûm - earder tochten se dat sokke kûlen ûntstien wienen troch efterbleaune stikken lâniis.
Pingo is ek de namme fan in populêr kompjûterspultsje út de tachtiger jierren.