Uddelermar
De Uddelermar is in marke op de Feluwe by it doarp Uddel. Hy is de boarne fan de Hierdenske Beek
De mar is wierskynlik ûntstien as in pingoruïne of iiskearnhichte. Yn it gefal fan de Uddelermar is dat bard yn it Saalien, de op ien nei lêste iistiid. Nei it ranen fan de iiskearn bleau it gat oer dat no de mar foarmet. Mei't de Uddelermar yn in betreklik heechlizzend, drûch gebiet leit binne de omkriten fan de mar mûglik al yn de Izertiid yn kultuer brocht. Yn elts gefal is fanôf de 7e iuw yn dy kriten izer produsearre. Eastlik fan de mar leit de Huneskâns, in ferdigeningswurk út de âldheid.