De Hierdenske Beek (Hierdensche Beek) rint fan de Uddelermar en Bleeke Mar ûnder Uddel nei de Feluwemar (Hierden). De steam is sa'n 25 km. lang. De beek streamt yn in goed sichtbere delling. De beek hat op plakken in oare namme. Yn Leuvenum prate jin oer de Leuvenumsche Beek en yn Staverden fan de Staverdensche Beek.

Rin fan de Hierdenske Beek
Leuvenumsche Beek op de hichte fan de Swolske Brêge yn Leuvenum

It gebiet om de Hierdenske Beek hinne foarmet in ekologyske ferbiningssône tusken it iepen lân oan de rânemarren en de Feluwe. De stream ferbynt sadwaande natuergebieten dêr't bisten troch in gruttere libbensromte krije.

Floara en fauna

bewurkje seksje

De beek is in briedplak foar ynsektelarven en hat in grut ferskaat oan aparte wetterplanten. Der briede ek ferskate (sjong)fûgels oan de stream, ûnder oare de iisfûgel. Ek sitte der in protte soarten sûchdieren en inkelde fisksoarten. Yndertiid kaam dêr ek beekforel, snoek en beeknjoggeneach foar. Ut en troch wurde dy bisten noch wol sjoen.

De bosk oan de beek bestiet foaral út iik en boek. Fierders binne der ûnder oare boskanemoan, soere klaver, twiblêd en segelplant te finen.