Opsterlânske Kompanjonsfeart
De Opsterlânske kompanjonsfeart is in kanaal tusken de Nije Feart by De Gordyk en de Drintske Haadfeart by Appelskea en is ûnderdiel fan de Turfrûte.
Skiednis
bewurkje seksjeFoar de feanterij en it ferfier fan turf begûn men yn 1630 by De Gordyk de feanfeart te graven en nei 200 jier wie in einpunt berikt.
Fan De Gerdyk yn de (gemeente Opsterlân) rint it kanaal lâns in oantal buorskippen en doarpen: Hanebuorren, Foksebuorren, Himrikerferlaat, Weinterpferlaat, Lyts Grins (hjir makket de feart in rjochte hoeke en begjint de gemeente Eaststellingwerf, Moskou, Donkerbroek, Easterwâlde en komt út by Appelskea. Tusken De Gordyk en Appelskea lizze njoggen slûzen yn de feart. Dit komt trochdat Appelskea ûngefear 12 meter heger leit as De Gordyk. Alle slûzen wurde mei de hân betsjinne. De measte grutte brêgen binne elektrysk, mar op De Gordyk wurde de lytse brechjes mei de hân draaid. Hjir leit by de brêge ek in slûs. Yn 1974 wienen der plannen om de feart te dimpen. Pater van Ulden naam it inisjatyf om tsjin de dimping te protestearjen, wat úteinlik slagge is. Yn it sintrum fan De Gordyk is in draaibrêge nei him neamd.. Nei oanlieding fan dizze aksje is de Stifting De Nije Kompanjons oprjochte mei as doel it yn stân hâlden fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart.
De Tsjonger
bewurkje seksjeTusken Donkerbroek en Easterwâlde giet De Tsjonger ûnder de Opsterlânske Kompanjonsfeart troch middels in dûker. Dat is om foar te kommen dat yn De Tsjonger wetter fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart komt. Fia Slûs III is der tagong ta De Tsjonger.
Rekreaasje
bewurkje seksjeDe Opsterlânske Kompanjonsfeart hat har funksje foar de beropsfeart al lang ferlern. Dêrfoar yn it plak is de plezierfeart komd. Der komme ûngefear 1500 boaten jiers troch de feart.
Skippen mei in djipgong fan maksimaal 1.10 meter kinne der troch. Troch fêste brêgen yn it trajekt is de maksimale hochte 3.70 meter.
Slûzen
bewurkje seksjeDe feart is mei 9 skutslûzen ferdield yn 8 panden mei in djipte fan twa meter. De slûzen yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart (streamôfwerts fan Appelskea ôf): Daamslûs, Boppestferlaat, Stokersferlaat, Fochtelerferlaat, Nanningaferlaat, Weinterpferlaat, Himrikerferlaat en Slûs Gordyk.
Yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart binne gjin foarsjennings om it wetter oppompe te kinnen. Alle wetter dat troch de feart streamt komt fan it gebiet sels. Dy tige lege wetterstaannen kin der ekstra wetter ynlitten wurde fanút de Drintske Haadfeart.