Stokersferlaat
Stokersferlaat is in slûs yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart yn Appelskea.
De slûs is boud yn 1817, de hjoeddesike stiennen slûs is fan 1890. It ferfal is 1,98 meter. De slûs wurdt noch hielendal mei de hân betsjinne. Yn de folksmûle hjit it de slûs by kafee Hulst. De slûskolk stiet, as hy net brûkt wurdt, fol. Neist de slûs stiet in elektryske brêge. It heechste ferskil is ûngefear 2,5 meter. Oan de ûnderside fan de slûs stiet in kearklep, dy't de wetterstân yn it efterlizzende pân automatysk regelet. De slûskolk stiet fol as hy net brûkt wurdt.