Slûzen en keardammen yn Fryslân

Wikimedia-list

Slûzen en keardammen yn Fryslân jout in oersjoch fan de slûzen en keardammen yn Fryslân. Dit type bouwurken is krektas de gemalen yn Fryslân, wichtich foar it peil op de Fryske boezem en de skipfeart.

Arsjitektuer bewurkje seksje

Der bestean ferskate typen slûzen:

  • Spuislûs - oare beneamingen foar dit type slûs binne útwetteringsslûs, de grutte útwetteringsslûzen binne de Lauwersslûzen en de Lorentzslûzen (Ofslútdyk), en syl, wêroan guon plaknammen as Dokkumer Nije Silen en Eazumasyl te werkennen binne.
  • Skutslûs - de gruttere skutslûzen binne te finen yn de plakken oan de Iselmar en Waadsee. Yn de kanalen, lykas de Tsjonger en Opsterlânske Kompanjonsfeart (beide meitsje diel út fan de Turfrûte), binne de lytsere slûzen en keardammen te finen. Guon plaknammen, meastal buorskippen, binne ûntstien troch tafoeging fan it wurd ferlaat (=skutslûs) oan in plaknamme, lykas Himrikerferlaat. In ferlaat by it plak De Himrik.

It komt ek wol foar dat beide typen slûzen of in keardaam njonken inoar lizze.

Tabel slûzen en keardammen bewurkje seksje

Plak Slûs Slûstype Jier Wetter Ofbyld
Appelskea Boppestferlaat skutslûs Opsterlânske Kompanjonsfeart  
Appelskea Daamslûs skutslûs Opsterlânske Kompanjonsfeart  
Appelskea Stokersferlaat skutslûs Opsterlânske Kompanjonsfeart  
Dokkumer Nije Silen Willem Loréslús skutslûs 1969 Dokkumer Djip  
Trije Tolhikken Trije Tolhikkenslûs skutslûs Tsjonger  
Iezumasyl Slûs Iezumasyl skutslûs Suderie  
Gordyk Slûs Gordyk skutslûs Opsterlânske Kompanjonsfeart  
Harns Grutte Slûs skutslûs Harnzer Trekfeart  
Harns Lytse Slûs Harnzer Trekfeart  
Harns Tsjerk Hiddesslûzen skutslûs 1951 Van Harinxmakanaal  
Hylpen Slûs Hylpen skutslûs  
Himrikerferlaat Himrikerferlaat skutslûs Opsterlânske Kompanjonsfeart  
Jobbegea Tsjonger Slûs II skutslûs Tsjonger  
Koarnwertersân Lorentzslûzen spuislûs, skutslûs 1932 Iselmar  
Lauwerseach R.J. Cleveringslûzen spuislûs 1970 Lauwersmar  
De Lemmer Lemsterslûs skutslûs 1888  
De Lemmer Prinses Margrietslûs skutslûs 1952 Prinses Margrietkanaal  
De Lemmer Rien slûs skutslûs 1957  
Makkum Slûs Makkum skutslûs 1606, 1663, 1778  
Muntsjesyl spuislûs 1882 Lauwers  
Nanninga Nanningaferlaat skutslûs Opsterlânske Kompanjonsfeart  
Nijhoarne Tsjonger Slûs I skutslûs 1888 Tsjonger  
Nijetrine Driewegsluis skutslûs 1775, 1927 Linde  
Nijetrine Scheeneslûs skutslûs 1914 De Scheene  
Starum Johan Frisoslûs skutslûs 1966 Johan Frisokanaal  
Starum Slûs Starum skutslûs  
Foksebuorren Foksebuorrenferlaat skutslûs Opsterlânske Kompanjonsfeart  
Warkum Slûs Warkum skutslûs It Soal  
Weinterpferlaat Weinterpferlaat skutslûs Opsterlânske Kompanjonsfeart  

Sjoch ek bewurkje seksje