Willem Loréslûs
(Trochferwiisd fan Willem Loréslús)
De Willem Loréslûs is de slûs yn de buorskip Dokkumer Nije Silen.
De slûs is yn 1969 oanlein doe't de Lauwerssee ôfsletten waard, in pear hûndert meter súdlik fan de Alde Silen. It is it krúspunt fan it wetterferkear fan it Dokkumer Djip mei it weiferkear fan de N358. Om't de grins tusken de eardere gemeenten Kollumerlân en Dongeradiel troch it Dokkumer Djip rint, leit de slûs krekt op de grins fan beide gemeenten.
De slûs is neamd nei Willem Loré, de oanlizzer fan de oarspronklike Dokkumer Nije Silen yn 1729.