Haadmenu iepenje
De N358

De provinsjale wei 358 of N358 is in provinsjale wei yn de provinsje Fryslân, dy't yn 'e rin fan 'e 20e iuw ûntstie troch de opwurdearring fan âldere weidielen. De wei rint fan Fryske Peallen oer Bûtenpost nei Holwert, dêr't de dyk oanslút by de N356. De dyk slút by Fryske Peallen oan op de A7 nei Grins en Hearrefean, ûnder Bûtenpost wurdt de N355 krúst.

Yn de gemeentes Smellingerlân en Opsterlân hjit de wei De Skieding, yn Achtkarspelen De Skieding, Uterwei, Bruggelaan en Lauwersmeerweg en yn de gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân hjit de wei ek Lauwersmeerweg. Yn de gemeente Dongeradiel hat de wei de nammen Sylsterwei, Mounebuorren, Dodingawei, Humaldawei, Dongerawei en Holwerderweg.

PlannenBewurkje

De provinsje Fryslân wol de dyk fanôf de oansluting mei de A7 oant Bûtenpost oanpasse. Yn simmer 2017 is it earste part fan Bûtenpost oant Stynsgea klear. Letter sil it stik fan Stynsgea oant Surhústerfean oanpakt. Under oare sil der in ovonde (in ovale rotonde) by Surhuzum oanlein wurde dy't mear as ien krusings ferfange sille[1]. Oer de ynrjochting fan it lêste part fan Surhústerfean oant de A7, de 'De Skieding' binne de belutsen partijen it noch net iens.[2]


Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Uterwei (N358) veiliger en vlotter
  2. Een veilige Skieding (N358)