Grinzer Strjitwei
De Grinzer Strjitwei, offisjele namme: Provinsjale wei 355 of N355, is in provinsjale wei yn Fryslân en Grinslân dy't Ljouwert in direkte ferbining mei Grins jout. Dy dyk bestiet al sûnt 1821. De Grinzer Strjitwei hat lange tiid de wichtichste ferbining west tusken Ljouwert en Grins, oant dy funksje oernaam waard troch de Wâldwei en de A7.
N355 | |
---|---|
Langte: | 54,2 km |
Kaart | |
De Grinzer Strjitwei begjint yn Ljouwert en rint noardlik om Hurdegaryp hinne nei de ovonde op ûngelikense hichte by Quatrebras dêr't er mei de N356 (Sintrale As) ferbynt. Fan dêr rint de dyk troch Noardburgum en Twizel en giet er om Bûtenpost hinne. Dêrnei rint er oer de Lauwers Grinslân yn, dêr't er Fryske Strjitwei hjit. De N355 rint fierder nei it easten oer Gryptsjerk en Nijesyl, en krúst tusken Noardhorn en Súdhorn oer it Van Starkenborghkanaal. Fan dêr rint de N355 nei Grins dêr't er oanslút op de N46.
De dyk is foar it grutste part in twastripe-ûntslutingsdyk mei bûten de beboude kom in maksimumfaasje fan 80 km/o. Tusken Ljouwert en Hurdegaryp is de dyk in 2x2 autowei mei in maksimumfaasje fan 100 km/o.
Skiednis
bewurkje seksjeDe dyk waard yn 1842 in ryksstrjitwei tusken Ljouwert en Grins. Yn it rykswegeplan fan 1932 waard de dyk nûmere as Rykswei 39, dy't yn Ljouwert oansleat op Rykswei 9 (Amsterdam - Alkmar - Ofslútdyk - Ljouwert) en yn Grins op Rykswei 42 rjochting Nijeskâns dat it eastlike part fan de hjoeddeistige Rykswei 7 is. Yn de rykswegeplannen fan 1938, 1948 en 1958 hold de dyk nûmer 39.
Healwei de 1950-er jierren waard it earste Nederlânske N-wegenûmersysteem opsteld, dy't yn 1957 ynfierd waard. Ynearsten waard de dyk Amsterdam - Den Oever - Ljouwert - Grins - Delfsyl nûmere as N89. De pleatslike bestjoeren fan de Keamers fan Keaphannel by de rûte del wisten de oerheid yn 1959 derfan te oertsjûgjen fan it ynternasjonale belang fan de rûte. Gefolch wie dat de E10, dy't dêrfoar fan Belgje ôf oer Rotterdam nei Amsterdam rûn, ferlinge waard oer de rykswegen 7, 9 en 39 nei Grins. Oant it ynfieren fan de hjoeddeistige N-wegenûmersysteem yn 1976 rûn de N89 allinnich mar fan Grins nei Delfsyl.
Fan it rykswegeplan fan 1968 waard Rykswei trochlutsen fan Ljouwert ôf nei Grins en dêrmei kaam Rykswei 39 tenei te ferfallen. Doe't healwei de 1970-er jierren in nij N-wegenûmersysteem opsteld waard, waard de rûte Surch - Harns - Ljouwert - Grins - Delfsyl de N41. Dat nûmer waard lykwols tusken Surch en Ljouwert nea bebuorde, want dêr waard wiles A/N31 brûkt. Tusken Ljouwert en Grins waard it nûmer allinnich mar op in boerd by Bûtenpost set. Mei yngong fan rykswegeplan 1984 waard de dyk de plakferfangende dyk en nûmere as Rykswei 855. Om dy tiid hinne, kaam de N355 ek op de bebuording. Sûnt it ynfieren fan it nije E-wegenûmersysteem yn 1985 ferlear de dyk ek syn status as E-dyk. De E10 waard tenei tusken Amsterdam en Grins ferfongen troch de E22 dy't fan Surch ôf oer Snits en It Hearrenfean rûn.
Lang om let waard de dyk yn it ramt fan de Wet fan it fannijs ferpartsjen fan de Wegebehear mei yngong fan 1 jannewaris 1993 oerdroegen oan de provinsjes Fryslân en Grinslân.
De dyk waard tusken 2010 en 2015 op ferskate plakken feroare. By Bûtenpost is der in nije rûnwei oanlein en de dyk waard yn Twizel folslein fannijs oanlein. Yn it ramt fan de Sintrale As waard de N355 benoarden Hurdegaryp as in rûnwei oanlein.
Sjoch ek
bewurkje seksjeDiken yn Fryslân | ||
---|---|---|
Rykswegen: A6 ● A7 ● A31/N31 ● A32/N32 | ||
Provinsjale diken: N351 ● N353 ● N354 ● N355 ● N356 ● N357 ● N358 ● N359 ● N361 ● N369 ● N380 ● N381 ● N383 ● N384 ● N390 ● N392 ● N393 ● N398 ● N910 ● N913 ● N917 ● N918 ● N919 ● N924 ● N927 ● N928 ● N979 ● N981 | ||
Jeropeeske wei: E22 | ||
Knooppunten: Knooppunt De Jouwer ● Knooppunt It Hearrenfean ● Knooppunt Oerterperfallaat ● Knooppunt Surch ● Knooppunt Werpsterhoeke | ||
Rûnwegen: Ring Ljouwert ● Ring Snits | ||
· · |