De Skieding
Mei De Skieding of Fryske Skeid wurdt op nije kaarten de wei noardwest fan Fryske Peallen tusken Fryslân en Grinslân bedoeld. Dy namme wurdt ek brûkt foar de wei op de grins tusken Opsterlân en Smellingerlân. Ek de wei dy't fan it punt ôf dêr't dy wegen by elkoar komme, by Puntpeal 13, nei it noarden ta hjit De Skieding. De bebouwing oan dy dyk wurdt yn de Encyclopedie van Friesland (1958) as in buorskip ûnder Drachtster Kompenije neamd. As Fryske namme hjit dy buorskip Fryske Skeid.
De Skieding is in part fan de N358.